De Súdatapaskyske talen of Súdatabaskyske talen foarmje in taalgroep binnen de gruttere Atapaskyske kloft fan 'e Na-Dené-taalfamylje. Dizze tonale talen wurde sprutsen troch sa'n 186.000 leden fan Yndiaanske folken yn it Súdwesten fan 'e Feriene Steaten, mei twa (no útstoarne) talen bûten dat gebiet yn westlik Oklahoma en súdwestlik Teksas. De grutste taal fan dizze groep is it Navaho, dat 170.000 sprekkers hat. Alle oare seis talen wurde (of waarden) sprutsen troch ferskate groepen Apachen; dêrfan is it Westlik Apache it grutst, mei 14.000 sprekkers.
Underferdieling
(Dialekten yn lytser lettertype.)
Súdatapaskyske talen Flakte-Apache-talen Flakte-Apache of Kajowa-Apache (Plains Apache, Kiowa Apache) † Súdwestlike Apache-talen Eastlike Apache-talen Jikarylla (Jicarilla) Lipan (Lipan) † Westlike Apache-talen Navaho (Navajo) Tsirikahûa-Meskalearo Meskalearo (Mescalero) Tsirikahûa (Chiricahua) Echt Tsirikahûa (Chiricahua proper) Warm Springs (Warm Springs) Westlik Apache (Western Apache) San Carlos (San Carlos) Sibekwe (Cibecue) Tonto (Tonto) Noardlik Tonto (Northern Tonto) Súdlik Tonto (Southern Tonto) White Mountain (White Mountain)
Kategory:Atapaskyske talen