In kommandeur is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine; de ekwivalinte rang by de lânmacht, de maresjesee en de mariniers is brigadegeneraal, en de ekwivalinte rang by de loftmacht is commodore. De oansprektitel fan in kommandeur is "kommandeur". De boppelizzende rang is skout-by-nacht, en de ûnderlizzende rang is kaptein-op-see. Dêrmei is de kommandeur de leechste opperofsiersrang.

Skematysk oersjoch Oersjoch fan 'e kommandeursrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen: lânmacht en mariniers marine loftmacht brigadegeneraal kommandeur commodore

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht (oansprektitels kursyf werjûn) Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar) NATO rang OF-6 brigadegeneraalgeneraal kommandeurkommandeur(by it Korps Mariniers: brigadegeneraal) commodorecommodore brigadegeneraalgeneraal

Sjoch ek militêre rang ofsier opperofsier list fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht

Kategory:Admiraal Kategory:Militêre rang Kategory:Lienwurd út it Frânsk