In kaptein-luitenant-op-see is in haadofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine; de ekwivalinte rang by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers is luitenant-kolonel, wylst yn guon lannen de ekwivalinte rang by de loftmacht wing commander is. Ut histoaryske grûn is de oansprektitel fan in kaptein-luitenant-op-see "oerste", en wurdt ek de rang sels wol ynformeel as sadanich oantsjutten.
De rang boppe kaptein-luitenant-op-see is kaptein-op-see, en de ûnderlizzende rang is luitenant-op-see 1e klasse. Dêrmei is kaptein-luitenant-op-see de middelste haadofsiersrang by de marine. De kaptein-luitenant-op-see funksjonearret as de plakferfanger fan 'e kaptein-op-see oan board fan gruttere skippen (lykas krusers en fleandekskippen), of fiert sels it befel oer lytsere oarlochsskippen (lykas fregatten of torpedoboatjagers). __NOTOC__ Skematysk oersjoch Oersjoch fan 'e luitenant-kolonelsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen: lânmacht en mariniers marine loftmacht luitenant-kolonel kaptein-luitenant-op-see luitenant-kolonel of wing commander
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht (oansprektitels kursyf werjûn) Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar) NATO rang OF-4 luitenant-koloneloerste kaptein-luitenant-op-seeoerste(by it Korps Mariniers: luitenant-kolonel) luitenant-koloneloerste luitenant-koloneloerste
Sjoch ek militêre rang ofsier haadofsier list fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht
Kategory:Kolonel Kategory:Militêre rang
nl:Kapitein-luitenant ter zee