In luitenant-op-see 2e klasse is in subalterne ofsier fan middelhege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine. Hjirby wurdt ûnderskie makke tusken de luitenant-op-see 2e klasse âldste kategory, wêrfan't kaptein de ekwivalinte rang is by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers, en luitenant-op-see 2e klasse sûnder tafoeging (hoewol't der ynformeel soms "jongste kategory" oan taheakke wurdt), wêrfan't earste luitenant de ekwivalinte rang is by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers.
De oansprektitel fan in luitenant-op-see 2e klasse is "mynhear" of "mefrou". De rang wurdt by de Nederlânske marine yn 'e regel ôfkoarte ta 'LtZ2' (foar luitenant-ter-zee 2e klasse) of 'LtZ2oc' (foar luitenant-ter-zee 2e klasse oudste categorie). De boppelizzende rang is luitenant-op-see 1e klasse, en de ûnderlizzende rang is luitenant-op-see 3e klasse. Dêrmei is luitenant-op-see 2e klasse de middelste subalterne ofsiersrang by de marine.
Skematysk oersjoch Oersjoch fan 'e oangeande rangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen: lânmacht en mariniers marine loftmacht kaptein luitenant-op-see 2e klasse kaptein of flechtluitenant earste luitenant earste luitenant of flechtofsier
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht (oansprektitels kursyf werjûn) Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar) NATO rang OF-2 kapteinkaptein(by de kavalery ritmaster, ritmaster) luitenant-op-see 2e klasse âldste kategorymynhear/mefrou(by it Korps Mariniers: kaptein) kapteinkaptein kapteinkaptein NATO rang OF-1 earste luitenantluitenant luitenant-op-see 2e klassemynhear/mefrou(by it Korps Mariniers: earste luitenant) earste luitenantluitenant earste luitenantluitenant
Sjoch ek militêre rang ofsier subalterne ofsier list fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht
Kategory:Militêre rang