In luitenant-op-see 3e klasse is in subalterne ofsier fan lege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine; de ekwivalinte rang by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers is twadde luitenant. Yn guon lannen is de ekwivalinte rang by de loftmacht piloat-ofsier. De oansprektitel fan in luitenant-op-see 3e klasse is "mynhear" of "mefrou". De boppelizzende rang is luitenant-op-see 2e klasse, en de ûnderlizzende rang is adjudant. Dêrmei is luitenant-op-see 3e klasse de leechste subalterne ofsiersrang by de marine.
Skematysk oersjoch Oersjoch fan 'e oangeande rangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen: lânmacht en mariniers marine loftmacht twadde luitenant luitenant-op-see 3e klasse twadde luitenant of piloat-ofsier
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht (oansprektitels kursyf werjûn) Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar) NATO rang OF-1 twadde luitenantluitenant luitenant-op-see 3e klassemynhear/mefrou(by it Korps Mariniers: twadde luitenant) twadde luitenantluitenant twadde luitenantluitenant
Sjoch ek militêre rang ofsier subalterne ofsier list fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht
Kategory:Militêre rang