Kingston upon Thames is in stêd yn Ingelân en hjoed de dei de sintrale wenwyk fan it Londensk distrikt Royal Borough of Kingston upon Thames, yn it súdwesten fan de regio Grut-Londen.
Skiednis Kingston wie al yn de midsiuwen in market town (merkflekke). Seis of sân Ingelske keningen waarden dêr kroane. De earste wie faaks Eduard de Aldere yn 899, mar nei alle wierskyn wie it Æthelstan fan Ingelân yn 925. Dat de plaknamme nei dy keningen ferwiisd berêst op in leginde. Kingston hjitte "Cyninges tun" yn 838, "Chingestune" yn 1086, "Kingeston" yn 1164, "Kyngeston super Tamisiam" yn 1321 en "Kingestowne upon Thames" yn 1589."Kingston upon Thames" op oxfordreference.com. De namme betsjut "keningsgoed" of "domein fan de kening" fan de Aldingelske wurden cyning (kening) en tun (tún of lânbougebiet). It wie de earste keninklike residinsje fan de Saksyske keningen.
Kingston upon Thames wurdt yn de takomstfyzje London Plan (2004/2015) neamd as ien fan de 19 metropolitan centres fan Grut-Londen mei in fersoargingsgebiet dy't grutter is as de eigen borough.The London Plan (2015), pp. 364-374. Teffens is it ien fan de 38 opportunity areas yn de agglomeraasje, gebieten mei positive ûntjouwingsmooglikheden.The London Plan (2015), s. 79, kaart 2.4.
Ferfier Kingston hat trije spoarstasjons: Stasjon Kingston, Stasjon Norbiton en Stasjon Hampton Wick. Der ride frekwint treinen nei stasjon Waterloo yn Londen.
Stedsbannen Delft (Nederlân) Aldenburch (Dútslân)
Berne yn Kingston
John Cleland (1709–1789), skriuwer Eadweard Muybridge (1830-1904), fotograaf/ûndersiker Sydney Camm, yngenieur, fleantúchûntwerper David Clayton-Thomas (1941), Kanadeesk sjonger (Blood, Sweat & Tears)
Kategory:Wyk yn Londen