In matroas is de leechste militêre rang by de marine (yn Nederlân sprekt men by sokke lege rangen yn it militêre jargon fan stannen). De ekwivalinte stân by de mariniers is marinier, de ekwivalinte stân by de lânmacht en loftmacht is soldaat, en de ekwivalinte stân by de maresjesee is maresjesee. Mei-inoar wurde dy saneamde ûngraduëarre stannen ek manskippen neamd. Sy fersoargje alle legere útfierende taken en binne ynsetber foar ûnderskate tsjinsten binnen de ienheid fan it kriichsmachtsûnderdiel dêr't se ta hearre.
Gradaasjes By de Nederlânske Keninklike Marine is de stân fan matroas ûnderferdield yn trije klassen: matroas 3e klasse ekwivalint mei: soldaat 3e klasse by de lânmacht en loftmacht, marinier 3e klasse by de mariniers en maresjesee 4e klasse by de maresjesee matroas 2e klasse ekwivalint mei: soldaat 2e klasse by de lânmacht en loftmacht, marinier 2e klasse by de mariniers en maresjesee 3e klasse by de maresjesee matroas 1e klasse ekwivalint mei: soldaat 1e klasse by de lânmacht en loftmacht, marinier 1e klasse by de mariniers en maresjesee 3e klasse by de maresjesee De oansprektitel fan matroazen is yn alle gefallen "matroas".
Skematysk oersjoch Oersjoch fan 'e ûnderskate manskipstannen: Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar) NATO rang OR-2 soldaat 1e klassesoldaat(by de artillery: kanonnier; by de kavalery: huzaar) matroas 1e klassematroas(by it Korps Mariniers: marinier 1e klasse, marinier) soldaat 1e klassesoldaat maresjesee 3e klassemaresjesee soldaat 2e klassesoldaat(by de artillery: kanonnier; by de kavalery: huzaar) matroas 2e klassematroas(by it Korps Mariniers: marinier 2e klasse, marinier) soldaat 2e klassesoldaat NATO rang OR-1 soldaat 3e klassesoldaat(by de artillery: kanonnier; by de kavalery: huzaar) matroas 3e klassematroas(by it Korps Mariniers: marinier 3e klasse, marinier) soldaat 3e klassesoldaat maresjesee 4e klassemaresjesee
Sjoch ek militêre rang list fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht
Kategory:Militêre rang