In commodore of kommodoar is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine (yn guon Ingelsktalige lannen) en by de loftmacht. De ekwivalinte rang by de lânmacht, de maresjesee en de mariniers is brigadegeneraal, en de ekwivalinte rang by de marine yn net-Ingelsktalige lannen is kommandeur. De oansprektitel fan in commodore is "commodore". De boppelizzende rang is generaal-majoar of yn guon lannen fise-loftmaarskalk, en de ûnderlizzende rang is kolonel (of groepskaptein). Dêrmei is de commodore de leechste opperofsiersrang. Yn 'e boargerloftfeart wurdt 'commodore' hantearre as in eretitel foar piloaten fan grutte fertsjinste.
Skematysk oersjoch Oersjoch fan 'e commodoresrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen: lânmacht en mariniers marine loftmacht brigadegeneraal kommandeur commodore
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht (oansprektitels kursyf werjûn) Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar) NATO rang OF-6 brigadegeneraalgeneraal kommandeurkommandeur(by it Korps Mariniers: brigadegeneraal) commodorecommodore brigadegeneraalgeneraal
Sjoch ek militêre rang ofsier opperofsier list fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht
Kategory:Generaal Kategory:Militêre rang Kategory:Piloat Kategory:Lienwurd út it Ingelsk