In ûnderofsier of ûnderoffisier is in militêr ofsier dy't ta de leechste kategory fan ofsiersrangen heart. Boppe de ûnderofsieren stiet de kategory fan 'e subalterne ofsieren, wylst ûnder de ûnderofsieren de manskippen steane. De ûnderofsieren wurde yn 'e regel net ta de 'gewoane' ofsieren rekkene, mar as in slach apart beskôge. Dat komt fuort út 'e histoaryske sitewaasje dat 'echte' ofsieren út 'e maatskiplike hegerein bestiene en harren oanstelling yn it leger kochten, wylst ûnderofsieren sljochtwei lju wiene dy't as gewoan soldaat begûn wiene en troch harren fertsjinsten opklommen wiene. Tsjintwurdich wurdt foar 'ûnderofsier' ek wol de Ingelske term non-commissioned officer brûkt (letterlik: "ofsier sûnder [kochte] oanstelling"), dat ôfkoarte wurdt ta NCO (útspr.: ['ensi:joʊ], likernôch "ensii-oo") of non-com.

Ta de ûnderofsieren hearre de folgjende rangen: lânmacht en mariniers marine loftmacht adjudant adjudant adjudant sersjant-majoar of opperwachtmaster1 sersjant-majoar sersjant-majoar sersjant 1e klasse of wachtmaster 1e klasse1 sersjant sersjant 1e klasse sersjant of wachtmaster1 sersjant 1) by de artillery en de kavalery

De rang fan korporaal is formeel gjin ûnderofsiersrang, mar hinget wat tusken de ûnderofsieren en de gewoane manskippen yn. Yn it spraakgebrûk wurde korporaals lykwols gauris ta de ûnderofsieren rekkene: lânmacht en mariniers marine loftmacht korporaal 1e klasse korporaal korporaal 1e klasse korporaal korporaal

Kategory:Militêre rang