In luitenant-generaal is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers; de ekwivalinte rang by de marine is fise-admiraal. Guon lannen, wêrûnder Grut-Brittanje en ferskate oare lidsteaten fan it Britske Mienebêst, hawwe foar luitenant-generaal by de loftmacht ynstee de rang loftmaarskalk (air marshal). De oansprektitel fan in luitenant-generaal is "generaal". De boppelizzende rang is generaal, en de ûnderlizzende rang is generaal-majoar. In luitenant-generaal fiert it befel oer in legerkorps. De letterlike betsjutting fan 'luitenant-generaal' is "plakferfanger fan 'e generaal".
Skematysk oersjoch Oersjoch fan 'e luitenant-generaalsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen: lânmacht en mariniers marine loftmacht luitenant-generaal fise-admiraal luitenant-generaal of loftmaarskalk
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht (oansprektitels kursyf werjûn) Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar) NATO rang OF-8 luitenant-generaalgeneraal fise-admiraaladmiraal(by it Korps Mariniers: luitenant-generaal) luitenant-generaalgeneraal luitenant-generaalgeneraal
Sjoch ek militêre rang ofsier opperofsier list fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht
Kategory:Generaal Kategory:Militêre rang