In earste luitenant is in subalterne ofsier fan middelhege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De ekwivalinte rang by de marine is luitenant-op-see 2e klasse. Yn guon lannen is de ekwivalinte rang fan earste luitenant by de loftmacht flechtofsier. De oansprektitel fan in earste luitenant is "luitenant". De boppelizzende rang is kaptein, en de ûnderlizzende rang is twadde luitenant. Dêrmei is earste luitenant ien fan 'e middelste subalterne ofsiersrangen.

Skematysk oersjoch Oersjoch fan 'e earste-luitenantsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen: lânmacht en mariniers marine loftmacht earste luitenant luitenant-op-see 2e klasse âldste kategory earste luitenant of flechtofsier

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht (oansprektitels kursyf werjûn) Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar) NATO rang OF-1 earste luitenantluitenant luitenant-op-see 2e klassemynhear/mefrou(by it Korps Mariniers: earste luitenant) earste luitenantluitenant earste luitenantluitenant

Sjoch ek luitenant militêre rang ofsier subalterne ofsier list fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht

Kategory:Militêre rang