In twadde luitenant is in subalterne ofsier fan middelhege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De ekwivalinte rang by de marine is luitenant-op-see 3e klasse. Yn guon lannen is de ekwivalinte rang fan twadde luitenant by de loftmacht piloat-ofsier. De oansprektitel fan in twadde luitenant is "luitenant". De boppelizzende rang is earste luitenant, en de ûnderlizzende rang is faandrich. Dêrmei is twadde luitenant ien fan 'e middelste subalterne ofsiersrangen.

Skematysk oersjoch Oersjoch fan 'e twadde-luitenantsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen: lânmacht en mariniers marine loftmacht twadde luitenant luitenant-op-see 3e klasse twadde luitenant of piloat-ofsier

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht (oansprektitels kursyf werjûn) Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar) NATO rang OF-1 twadde luitenantluitenant luitenant-op-see 3e klassemynhear/mefrou(by it Korps Mariniers: twadde luitenant) twadde luitenantluitenant twadde luitenantluitenant

Sjoch ek luitenant militêre rang ofsier subalterne ofsier list fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht

Kategory:Militêre rang