In kolonel is in haadofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De ekwivalinte rang by de marine is kaptein-op-see, wylst yn guon lannen de ekwivalinte rang by de loftmacht groepskaptein is. De oansprektitel fan in kolonel is "kolonel". De boppelizzende rang is brigadegeneraal of, yn legers dy't de rang fan brigadegeneraal net kenne (sa't yn in grut diel fan East-Jeropa it gefal is), generaal-majoar. Dêrmei is kolonel de heechste haadofsiersrang. Direkt ûnder de kolonel stiet de luitenant-kolonel, dat in soarte fan legere gradaasje fan kolonel is.

Etymology It wurd 'kolonel' stammet út it Latyn, fan columnella, dat "pylderke" of "lytse kolonne" betsjut. As rang ûntstie it yn it tiidrek fan 'e Renêssânse yn Itaalje, mei as oarspronklike betsjutting "ofsier dy't in kolonne oanfiert". Dêrby wiene der earst twa foarmen fan it wurd yn omrin, 'kolonel' en 'koronel', dy't trochinoar brûkt waarden. Uteinlik wûn de foarm 'kolonel' it yn 'e measte talen, mar 'koronel' libbet noch fuort yn it Ingelske colonel, dat nettsjinsteande de stavering mei in l, útsprutsen wurdt mei in r: ['kʌɹnəl], likernôch: "kurn'l".

Skematysk oersjoch Oersjoch fan 'e kolonelsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen: lânmacht en mariniers marine loftmacht kolonel kaptein-op-see kolonel of groepskaptein luitenant-kolonel kaptein-luitenant-op-see luitenant-kolonel of wing commander

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht (oansprektitels kursyf werjûn) Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar) NATO rang OF-5 kolonelkolonel kaptein-op-seekolonel(by it Korps Mariniers: kolonel) kolonelkolonel kolonelkolonel NATO rang OF-4 luitenant-koloneloerste kaptein-luitenant-op-seeoerste(by it Korps Mariniers: luitenant-kolonel) luitenant-koloneloerste luitenant-koloneloerste

Sjoch ek militêre rang ofsier haadofsier list fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht

Kategory:Militêre rang Kategory:Lienwurd út it Latyn