In generaal is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers; de ekwivalinte rang by de marine is yn prinsipe admiraal. (Yn 'e Nederlânske kriichsmacht, dêr't de rang fan admiraal yn ûnbrûk rekke is, is it ekwivalint fan generaal by de marine eins luitenant-admiraal.) Guon lannen, wêrûnder Grut-Brittanje en ferskate oare lidsteaten fan it Britske Mienebêst, hawwe foar generaal by de loftmacht ynstee de rang opperloftmaarskalk (air chief marshal). Yn 'e measte legers dy't de rang fan generaal hawwe, is it mei-iens ek de heechste rang, hoewol't guon in noch hegere rang kenne, lykas maarskalk, fjildmaarskalk of generaal fan it leger ('fiifstjerregeneraal'). De term 'generaal' is eins in ôfkoarting fan it ferâldere kaptein-generaal, dat yn it begjin fan 'e santjinde iuw yn gebrûk wie, en wêrby't de tafoeging 'generaal' safolle betsjut as "algemien" (dus 'algemien kaptein').
As de term 'generaal' sûnder fierdere tafoeging brûkt wurdt, giet it om wat wol oantsjut wurdt as in 'fjouwerstjerregeneraal', dy't sa neamd wurdt om't de rangûnderskiedingstekens fjouwer stjerren omfetsje. Der besteane noch trije legere gradaasjes fan generaals: luitenant-generaal (trije stjerren), generaal-majoar (twa stjerren) en brigadegeneraal (ien stjer). Yn guon legers komt de brigadegeneraal net foar. It Dútske leger, oan 'e oare kant, hie oant 1945 noch in ekstra gradaasje, de kolonel-generaal (Generaloberst), dy't tusken generaal (mei fjouwer stjerren) en fjildmaarskalk yn stie. Alle gradaasjes fan generaals wurde oansprutsen mei "generaal".
Skematysk oersjoch Oersjoch fan 'e generaalsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen: lânmacht en mariniers marine loftmacht maarskalk of fjildmaarskalk of generaal fan it leger grutadmiraal of admiraal fan de float maarskalk fan de loftmacht generaal admiraal of luitenant-admiraal generaal of opperloftmaarskalk luitenant-generaal fise-admiraal luitenant-generaal of loftmaarskalk generaal-majoar skout-by-nacht generaal-majoar of fise-loftmaarskalk brigadegeneraal kommandeur commodore
Befel Generaals fiere it befel oer gruttere formaasjes, dy't gauris gearstald binne út ferskillende ienheden fan faak ûnderskate wapens, lykas ynfantery, artillery, kavalery, sjeny, ferkenningsienheden, ensfh. Sokke formaasjes kinne legers, legerkorpsen, difyzjes of brigades wêze. Dêrby stiet in leger ûnder it befel fan in generaal (mei fjouwer stjerren); in legerkorps ûnder dat fan in luitenant-generaal; in difyzje ûnder dat fan in generaal-majoar; en in brigade ûnder dat fan in brigadegeneraal. As der mear as ien leger ûnder it befel fan deselde ofsier pleatst wurdt, sprekt men fan in legergroep; oer sokke legergroepen wurdt it befel fierd troch in maarskalk of in fjildmaarskalk.
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht (oansprektitels kursyf werjûn) Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar) (NATO rang OF-10) admiraaladmiraal (út tradysje; rang bestiet net mear) NATO rang OF-9 generaalgeneraal luitenant-admiraaladmiraal (by it Korps Mariniers: generaal) generaalgeneraal NATO rang OF-8 luitenant-generaalgeneraal fise-admiraaladmiraal(by it Korps Mariniers: luitenant-generaal) luitenant-generaalgeneraal luitenant-generaalgeneraal NATO rang OF-7 generaal-majoargeneraal skout-by-nachtskout-by-nacht(by it Korps Mariniers: generaal-majoar) generaal-majoarGeneraal generaal-majoarGeneraal NATO rang OF-6 brigadegeneraalgeneraal kommandeurkommandeur(by it Korps Mariniers: brigadegeneraal) commodorecommodore brigadegeneraalgeneraal
Sjoch ek militêre rang ofsier opperofsier list fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht
Kategory:Militêre rang Kategory:Lienwurd út it Latyn