In ofsier of offisier (fan it Latynske officium, "amt") is in funksjonaris fan rang dy't de lieding hat en/of tafersjoch útoefenet oer ûnderhearrigen. Sokke funksjes wurde yn 'e regel assosjearre mei de kriichsmacht, mar komme ek foar by de plysje, brânwacht, boargerbeskerming, justysje en yn 'e skipfeart en loftfeart. Yn 'e kriichsmacht wurde ofsieren ûnderferdield yn fjouwer kategoryen: opperofsieren haadofsieren subalterne ofsieren ûnderofsieren As de term 'ofsier' sûnder fierdere fertsjutsking brûkt wurdt, giet it yn 'e regel om ofsieren fan 'e earste trije groepen, mei't ûnderofsieren meastal as in slach apart beskôge wurde.
Kategory:Militêre rang Kategory:Striidkrêften Kategory:Berop Kategory:Lienwurd út it Latyn