Katerine fan Bruce (Ingelsk: Katherine Bruce; Normandysk-Frânsk: Catherine de Brus; 13?? – nei 1342) wie in oerwûne dochter fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.
Libben Katerine fan Bruce waard yn it earste fearn fan 'e fjirtjinde iuw berne as de oerwûne dochter fan 'e Skotske kening Robert I en in ûnbekende mem. Oer har is fierders suver neat bekend. Hja wie troud mei in David Lindsay of David Lindsy, mei wa't hja ien dochter krige, Marjorie Lyndsay, dy't letter troude mei in Willem Douglas. It is ûnbekend wannear't Katerine stoar, mar se libbe yn elts gefal noch yn 1342.
Kategory:Skotske adel Kategory:Hûs Bruce Kategory:Skotsk persoan fan Normandysk komôf Kategory:Skotsk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn de 14e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 14e iuw