Elizabeth fan Bruce (Ingelsk: Elizabeth Bruce; Normandysk-Frânsk: Elizabeth de Brus; Dunfermline?, ±1317 – yn Skotlân, 1364) wie in oerwûne dochter fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.
Libben Elizabeth fan Bruce waard omtrint 1317 berne, mooglik yn it Keninklik Paleis fan Dunfermline, yn Fife, as de oerwûne dochter fan 'e Skotske kening Robert I en in ûnbekende mem. Oer har is fierders suver neat bekend. Hja wie troud mei in ealman út 'e Clan Oliphant, dy't Walter Oliphant fan Aberdalgie hiet. Mei him krige hja trije soannen: Jan Oliphant fan Aberdalgie, ridder (13??-1417) Walter Oliphant fan Aberdalgie en Kellie (±1341-1411) Malcolm Oliphant fan Hazelhead (1348-1412) Elizabeth stoar yn 1364, yn 'e âlderdom fan likernôch 47 jier.
Kategory:Skotske adel Kategory:Hûs Bruce Kategory:Skotsk persoan fan Normandysk komôf Kategory:Skotsk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1317 Kategory:Persoan stoarn yn 1364