Neil fan Bruce (Ingelsk: Neil Bruce; Normandysk-Frânsk: Nigel de Brus; Skotsk-Gaelysk: Niall a Briuis; yn Skotlân, foàr ein febrewaris 1330 – Neville's Cross (Ingelân) 17 oktober 1346), ek wol bekend as Neil fan Carrick, wie in oerwûne soan fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.
Libben Neil fan Bruce, ek wol Nigel of Niall fan Bruce neamd, waard yn it earste trêdepart fan 'e fjirtjinde iuw yn Skotlân berne as de oerwûne soan fan 'e Skotske kening Robert I en in ûnbekende mem. Oer him is fierders frijwol neat bekend. Hoewol't syn bertedatum ûnwis is, moat dy sûnder mis foàr ein febrewaris 1330 pleatst wurde, mei't syn heit op 7 juny 1329 ferstoar.
Neil wie in ridder, en mei focht yn 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch (1332-1357). Hy sneuvele op 17 oktober 1346 yn 'e Slach by Neville's Cross, yn it Noardingelske greefskip Noardumberlân, dy't foar de Skotten útrûn op in swiere nederlaach. Dêrby waard ek Neil syn healbroer, kening David II fan Skotlân troch de Ingelsen kriichsfinzen nommen.
Kategory:Skotske adel Kategory:Hûs Bruce Kategory:Persoan yn de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Skotsk persoan fan Normandysk komôf Kategory:Skotsk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn de 14e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1346