Kristina fan Bruce (Ingelsk: Christina Bruce; Normandysk-Frânsk: Christine de Brus; 13?? – nei 1329) wie in oerwûne dochter fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce. Hja stiet ek wol bekend as Kristina fan Carrick.

Libben Oer Kristina fan Bruce, dy't ferneamd wie nei har muoike Kristina, is sa goed as neat bekend. Hja wie de oerwûne dochter fan 'e Skotske kening Robert I en in ûnbekende mem, en waard nei alle gedachten yn it earste fearn fan 'e fjirtjinde iuw earne yn Skotlân berne. De lêste kear dat se neamd waard yn in histoaryske boarne, wie yn 1329.

Kategory:Skotske adel Kategory:Hûs Bruce Kategory:Skotsk persoan fan Normandysk komôf Kategory:Skotsk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn de 14e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 14e iuw