thumb|It grêf fan Joost Zwagerman yn Bergen (Noard-Hollân) Johannes Jacobus Willebrordus (Joost) Zwagerman (Alkmar, 18 novimber 1963 – Haarlim, 8 septimber 2015) wie in Nederlânsk skriuwer, dichter, essayist en kollumnist.
Zwagerman wie jierrenlang oanhelle mei depresjes; op 8 septimber 2015 makke er in ein oan syn libben.Nu.nl - 'Schrijver Joost Zwagerman pleegt zelfmoord'
Jonkheid en oplieding Johannes Jacobus Willebrordus Zwagerman waard berne yn Alkmar as soan fan ûnderwizers.
Doe't er njoggen wie makke er it mei de hân skreaune tydskrift, De Zwagergids, gearstald út teksten en plaatsjes fan telefyzjegidsen.
Zwagerman die de Havo oan de Ryksskoallemienskip Noord-Kennemerland yn Alkmaar. Dêrnei gie er nei de Pedagogyske Akademy. Nei syn diplomearring studearre er Nederlandse taal- en letterkunde, mar makke dy stúdzje net ôf. Yn syn studintetiid skreau er al ferskate artikelen. Nei syn stúdzje folge er in kursus kreätyf skriuwer by romanskriuwer Oek de Jong.
Wurkpaad Zwagerman debutearre mei de roman De houdgreep yn 1986. Gimmick! (1989), syn twadde roman waard bewurke ta toanielstik en berikte in folle breder publyk. Hy skreau syn tredde boek, Vals licht, yn 1991 en krige dêrfoar de AKO Literatuerpriis. Vals Licht wie teffens de grûnslach foar in film fan Theo van Gogh (1993). Der folgen mear romans: Chaos en Rumoer, Zes Sterren en De buitenvrouw. Zwagerman syn wurk is oerset yn tolve talen, ûnder oaren yn it Dútsk, Frânsk en Japansk.
Njonken boeken publisearre Zwagerman ek gedichten en essays. Yn 1987 ferskynde syn earste dichtbondel Langs de doofpot. Hy krige de Awater poëzy priis foar de samling Roeshoofd hemelt (2005) , dy't fjouris werprinte waard. Under syn essaybondels binne Pornotheek Arcadië (2001) en Het vijfde seizoen (2003).
Zwagerman wie teffens in warber kollumnist, foar de Volkskrant (1998–2002) en sûnt 2001 foar NRC Handelsblad. Fierders wie er presintator fan it VPRO-telefyzjeprogramma Zomergasten en die er in teätertour mei skriuwer Ronald Giphart. Zwagerman wie teffens geregeldwei op de Nederlânske tillefyzje te sjen; yn it VARA-programma De Wereld Draait Door,dewerelddraaitdoor.vara.nlvara.nl joech er geregeldwei lytse kolleezjes oer keunstûnderwerpen. Zwagerman mocht syn leafde foar de keunsten graach op een breed publyk oerbringe; dat die er op in entûsjaste, oansteklike manier.
Zwagerman wie as auteur ferbûn oan twa universteiten; yn 1998 oan de Ryksuniversiteit Grins en yn 2003 oan de Universiteit Leien. Yn 2006 hold er de Frans Kellendonklêzing oan de Radboud Universiteit Nymwegen. Jannewaris 2008 krige Zwagerman de Gouden Ganzenveer, foar syn grutte fertsjinste foar it skreaune wurd yn Nederlân.
Joost Zwagerman wenne oant syn skieding mei syn frou en trije bern yn Amsterdam. Desimber 2012 sette er him mei syn nije freondinne nei wenjen yn Haarlim.
Bibliografy thumb|300px|Joost Zwagerman (twadde fan rjochts) mei kollega-skriuwers Ellen Ombre en Michiel van Kempen yn 2002 Proaza 1986 - De Houdgreep, roman 1987 - Kroondomein, ferhalen 1989 - Gimmick!, roman 1991 - Vals Licht, roman 1994 - De buitenvrouw, roman 1996 - Tomaatsj, novelle 1997 - Chaos en rumoer, roman 1998 - Het jongensmeisje, ferhalen 2002 - Zes sterren, roman 2010 - Duel, novelle. Boekewikepresint
Gedichten 1987 - Langs de doofpot, gedichten 1988 - De ziekte van jij, gedichten 1993 - De mooiste vrouw ter wereld, gedichten 2001 - Bekentenissen van de pseudomaan, gedichten 2005 - Roeshoofd hemelt, gedichten 2005 - Tot hier en zelfs verder. De vroege gedichten 2010 - Beeld verplaatst, gedichten by keunstwurken fan û.o Erwin Olaf, Rineke Dijkstra, Marlene Dumas en Rob Scholte 2012 - De wereld is hier, in kar út de gedichten 2014 - Voor alles, gedichten
Non-fiksje 1993 - Collega's van God, essays 1993 - De kus van Michael Jackson, jeugdboek 1996 - In het wild, essays en kritiken 2000 - Pornotheek Arcadië, essays 2001 - Walhalla, essays 2001 - Landschap met klein vuil, kollumns 2003 - Het wilde westen, kollumns 2003 - Het vijfde seizoen, essays 2004 - Tussen droom en daad in Dubbelstad: Alkmaar in feit en fictie 2005 - Door eigen hand. Zelfmoord en de nabestaanden, essays en ynterviews 2006 - Perfect Day en andere popverhalen 2006 - Transito, essays 2007 - De schaamte voor links, pamflet 2007 - Hollands welvaren 2009 - Hitler in de polder & Vrij van God, pamflet 2011 - Alles is gekleurd, omzwervingen in de kunst 2012 - Kennis is geluk. Nieuwe omzwervingen in de kunst 2013 - Americana 1 & 2, Omzwervingen in de Amerikaanse cultuur 2015 - De Stilte van het Licht
Oars 2005 - De Nederlandse en Vlaamse literatuur vanaf 1880 in 250 verhalen, karlêzing 2006 - De Nederlandse en Vlaamse literatuur vanaf 1880 in 60 lange verhalen, karlêzing 2007 - De ontdekking van de literatuur. The Paris Review Interviews, karlêzing 2008 - De Nederlandse en Vlaamse literatuur vanaf 1880 in 200 essays, karlêzing 2009 - Het volmaakte kleine stukje, een keuze uit het werk van Kees Fens, karlêzing
Sekundêre literatuer 2003 - Standplaats Zwagerman (fan Elik Lettinga)
Keppelings om utens Hiemside fan Joost Zwagerman KB Zwagerman as dichter
Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk essayist Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Selsmoarddogger Kategory:Persoan berne yn 1963 Kategory:Persoan stoarn yn 2015