Trechtingshausen is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts yn 'e lânkring Mainz-Bingen.
It plak hat 1020 ynwenners (2022).
Bestjoer Trechtingshausen is in Ortsgemeinde en heart by de ferbânsgemeente Rhein-Nahe.
Monuminten De letromaanske Klemenskapel (Clemenskapelle) út 1220-1230 leit krekt bûten it plak. Ea wie it de parochytsjerke fan Trechtingshausen. By de tsjerke is in bientsjekou, de saneamde Michaelkapel (Michaelskapelle). De nije parochytsjerke Sint-Klemens yn it plak sels waard yn it begjin fan 'e 19e iuw boud en yn 'e jierren 1920 renovearre troch de arsjitekt Ludwig Hofmann. Fan 'e eardere stedsfêsting bleaune noch in pear poarten, stikken muorren en in toer bewarre. Boppe it plak leit it kastiel Reichenstein. In stik de stream op leit noch op 'e himrik fan Trechtingshausen de boarch Rheinstein.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Rynlân-Palts