Pieter van Reede van Oudtshoorn (Utert, 8 july 1714 – Op see, 23 jannewaris 1773), hear fan Oudshoorn, Ridderbuurt en Gnephoek, wie in hege amtner (independent fiscaal en opperkeapman) yn de Nederlânske Kaapkoloanje en waard yn 1772 beneamd ta gûverneur fan de Nederlânske Kaapkoloanje as opfolger fan de ferstoarne Ryk Tulbagh.
Hy stoar lykwols op see, op syn reis fan Nederlân nei de Kaap. Hy waard te hôf brocht yn Kaapstêd.
De Súd-Afrikaanske stêd Oudtshoorn is nei him ferneamd.
Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Gûverneur fan de Nederlânske Kaapkoloanje Kategory:Nederlânske adel Kategory:Persoan berne yn 1714 Kategory:Persoan stoarn yn 1773