250px|thumb|Lizzing fan de Galapogoseilannen thumb|250px|Detailkaart fan de arsjipel De Galapagoseilannen (yn 't koart Galapagos, Spaansk: Islas Galápagos, offisjeel Archipiélago de Colón) is in arsjipel op de hichte fan de evener yn de Stille Oseaan. De eilannen lizze sa'n 1000 km út de westkust fan Súd-Amearika en hearre steatkundich ta Ekwador. De Galapagoseilannen en de omlizzende wetters foarmje sûnt 1959 in nasjonaal park, it Nasjonaal Park de Galapagoseilannen.

De eilannen binne geologysk besjoen tige jong: inkeld mar miljoenen jierren. Se binne fan fulkanyske oarsprong. Der komme in soad unike bisten en planten foar, dy't it eilân faak ferskillende soarten foarme hawwe.

Statistyske gegevens Ynwenners: 26.640 (2012) Oerflak: totale lânoerflak om de 7880 km² (13 eilannen binne grutter as 10 km² en 115 lytsere) Heechste punt: 1707 m

Wichtichste eilannen yn folchoarder fan ôfnimmende grutte Isabela 4588 km² Santa Cruz 986 km² Fernandina 642 km² San Salvador/Santiago 585 km² San Cristóbal 558 km² Floreana/Santa Maria 172 km² Marchena 130 km² Española 60 km² Pinta 59 km² Lytse eilannen: ûnder oare Genovesa, Santa Fe, Darwin, Isla Wolf, Rabida, Pinzon, Bartolomé, Seymour Norte, Baltra, Daphne, Plazas en Isla Mosquera

Fleanfjild It nije, enerzjyneutrale fleanfjild Aeropuerto Seymour op it eilân Baltra draait folslein op sinne- en wynenerzjy. Boppedat is it gebou foar 80% makke út materiaal fan it âlde fleanfjild.This airport runs on wind CNN, 4 augustus 2015

Keppelings om utens Geology fan de Galapagoseilannen Dirección del Parque Nacional Galápagos

Kategory:Eilân yn Ekwador Kategory:Nasjonaal park yn Ekwador Kategory:Eilân yn de Grutte Oseaan Kategory:Wrâlderfgoed yn Ekwador