Delta Air Lines, meastentiids ôfkoarte ta Delta, is in Amerikaanske loftfeartmaatskippij dy't fêstige is yn Atlanta. Mei mear as 800 fleanmasines fljocht Delta nei 334 bestimmings yn 64 lannen (15 july 2015). Delta is oprjochtend lid fan 'e loftfeartalliânsje SkyTeam. De regionale flechten wurde útfierd troch dochtermaatskippij Delta Connection.
Delta waard 1924 oprjochte ûnder de namme Huff Daland Dusters en is de âldste aktive loftfeartmaatskippij yn 'e Feriene Steaten.
Float De float fan Delta Air Lines bestiet 28 july 2015 út 806 fleanmasines. Fleanmasine Tal Bestellings Airbus A319-100 57 Airbus A320-200 69 Airbus A330-200 11 Airbus A330-300 23 1 Boeing 717-200 75 13* Boeing 737-700 10 Boeing 737-800 73 Boeing 737-900 43 11 Boeing 747-400 13 Boeing 757-200 122 3** Boeing 757-300 16 Boeing 767-300 74 Boeing 767-400 21 Boeing 777-200 18 McDonnell Douglas MD-88 116 McDonnell Douglas MD-90 65 Totaal 806 28 * 13 Boeing 717's wurde oernommen fan AirTran.** 3 Boeing 757's wurde oernommen fan Shanghai Airlines.
Kategory:Amerikaanske loftfeartmaatskippij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1924