thumb|G. Rombout (1967) Gerrit Rombout (Doanjum, 18 augustus 1930- It Hearrenfean, 20 maaie 2020Mensenlinq) wie in Nederlânske âld-politikus fan de Partij fan de Arbeid.
Rombout wurke seis jier by de provinsje doe't er boargemaster waard. Foar dy tiid wied er amtner by in gemeentesekretary. Yn 1967 waard Rombout beneamd ta boargemaster fan Flylân, dêr't er Adriaan Anker opfolge. Yn 1976 waard er boargemaster fan de gemeente It Bilt. Dêr folge er Geert van Veenen (ARP) op. Yn 1983 ferruile Rombout syn boargemasterskip foar it bedriuwslibben: hy waard direkteur fan Rederij Doeksen. Yn 1989 joech er dy funksje oer, mar bleau wol ferbûn oan de rie fan bestjoer fan dy rederij, dêr't er foar syn oanstelling al kommissaris fan wie.
Rombout ferstoar op 20 maaie 2020.
Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Boargemaster fan It Bilt Kategory:Boargemaster fan Flylân Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Persoan berne yn Doanjum Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1930 Kategory:Persoan stoarn yn 2020