Malaysia Airlines-flecht 17, better bekend as MH17, wie in fêste fleanferbining yn 'e boargerloftfeart fan Amsterdam (Skiphol) nei de Maleizyske haadstêd Kuala Lumpur. Op 17 july 2014 stoarte in Boeing 777 fan 'e Maleizyske loftfeartmaatskippij Malaysia Airlines del by it doarp Hrabove, yn 'e eastlike Oekraïne, yn in gebiet dêr't op dat stuit in pro-Russyske opstân geande wie. Oan board wiene 298 minsken, wêrûnder 196 mei de Nederlânske nasjonaliteit. Der wiene gjin oerlibbenen. Troch de oarlochssitewaasje yn it gebiet ferrûn it bergjen fan 'e stoflike omskotten fan 'e slachtoffers en it ûndersyk op 'e crashsite tige muoisum. De oarsaak fan 'e fleanramp wie nei alle gedachten in besjitting troch pro-Russyske rebellen, dy't it passazjierstastel oanseagen foar in transporfleantúch fan it Oekraynske leger.
Eftergrûn Begjin 2014 briek de Oekraïnekrisis út, wêrby't leden fan 'e Russyske minderheid yn de Oekraïne yn reäksje op it ôfsetten fan 'e pro-Russyske Oekraynske presidint Viktor Janûkovitsj en mei aktive stipe fan 'e Russyske presidint Vladimir Pûtin de wapens opnamen tsjin it nije, pro-Jeropeeske regear yn Kiëv. Earst konsintrearre it skeel him op it skiereilân de Krim, dat yn maart troch Russyske troepen beset en ûnrjochtlik anneksearre waard. Dêrnei ferpleatsten de swierrichheden har nei it uterste easten fan it Oekraynske fêstelân, dêr't pro-Russyske rebellen yn 'e provinsjes Donjetsk en Lûhansk fanút Ruslân bewapene en treend waarden. Oars as op 'e Krim, dêr't de krisis frijwol sûnder militêr treffen ferrûn wie, briek yn 'e eastlike Oekraïne in ûnmeilydsum útfochten boargeroarloch út, wêrby't de rebellen en it Oekraynske leger inoar mei swiere wapens bestookten.
Op 14 juny waard in Iljûsjin Il-76 fan it Oekraynske leger, dy't ûnderweis wie nei it ynternasjonale fleanfjild fan Lûhansk, troch de rebellen delsketten, wêrby't alle 49 ynsittenden omkamen. Op 29 juny makken Russyske parse-agintskippen bekend dat de rebellen by de ferovering fan in basis fan 'e Oekraynske Loftmacht in Bûk-raketsysteem bútmakke hiene, wêrmei't it harren mooglik waard om fleantugen fanôf grutte hichte del te heljen. Dyselde deis sette de saneamde Folksrepublyk Donjetsk in berjocht mei deselde ynhâld op Twitter, dat sûnt lykwols ferwidere is. Op 14 july waard in Antonov-26-transportfleantúch fan 'e Oekraynske Loftmacht troch de rebellen delsketten wylst it op in hichte fan 21.000 foet fleach. Neffens Amerikaanske ynljochtingetsjinsten suggerearre it bewiismateriaal dat it tastel fanôf Russysk grûngebiet delhelle wie. Op 16 july skeaten de rebellen noch in Oekraynske Sûchoi Sû-25-strieljager del.
Ferskate loftfeartmaatskippijen hiene ein maart, by it útbrekken fan 'e fijannichheden yn 'e eastlike Oekraïne, harren fleanrûtes ferlein sadat dy net mear oer it oarlochsgebiet giene. Dêrûnder wiene Korean Air, Asiana Airlines en British Airways. Yn april warskôge de Ynternasjonale Boargerloftfeartorganisaasje regearings foar de risiko's dy't de boargerloftfeart boppe de eastlike Oekraïne rûn. De Amerikaanske Federal Aviation Administration (FAA) liet ek in warskôging útgean, mar dat gie oer de Krim en it gebiet besuden de crashsite fan MH17. Neffens it deiblêd De Telegraaf waard it Nederlânske regear trije dagen foar de ramp nochris spesifyk warskôge troch it Oekraynske regear, yn ferbân mei it delsjitten fan 'e Antonov-26. Yn totaal holden 37 loftfeartmaatskippijen oan mei it fleanen oer it oarlochsgebiet, en yn 'e wike foar de ramp trochkrústen sa'n 900 ûnderskate passazjiersfleantugen itselde gebiet as MH17. De measten dêrfan wiene flechten fan Aeroflot, Singapore Airlines, Ukraine International Airlines, Lufthansa en Malaysia Airlines. Op 1 july waard it loftrom boppe de provinsje Donjetsk troch it Oekraynske regear sletten ûnder de 26.000 foet (7.900 m), en op 14 july ûnder de 32.000 foet (9.800 m).
Fleantúch Malaysia Airlines-flecht 17 waard ûnderholden mei in Boeing 777, type 777-2H6ER, searjenûmer 28411, registraasje 9M-MRD. Dat wie de 84ste Boeing 777 dy't produsearre wie. It fleantúch ferrjochte syn earste flecht op 17 july 1997, persiis 17 jier foar de ramp, en waard nij oplevere oan 'e Maleizyske loftfeartmaatskippij Malaysia Airlines op 29 july 1997. It waard oandreaun troch twa Rolls-Royce Trent 892-motors en koe oant 282 passazjiers ferfiere (35 business class en 247 economy class). Foar de ramp hie it tastel 75.322 fleanoeren makke ûnder in totaal fan 11.434 flechten. It krige syn lêste ûnderhâldsbeurt op 11 july 2014, yn in hangaar fan Malaysia Airlines op 'e ynternasjonale lofthaven fan Kuala Lumpur. It fleantúch hie in ûnderhâldsskiednis sûnder technyske swierrichheden of ôfwikings, en it foarriedige rapport fan 'e Undersyksrie foar Feilichheid, fan 9 septimber 2014, konkludearre dat it tastel him yn in loftweardige kondysje befûn en dat der gjin inkele reden wie om oan te nimmen dat de ramp troch in technyske mankemint feroarsake wêze kinne soe.
Ynsittenden Bemanning Malaysia Airlines-flecht 17 hie in bemanning fan 15 persoanen, wêrûnder twa gesachfierders, Wan Amran Wan Hussin út Kuala Kangsar en Eugene Choo Jin Leong (Sineesk: 朱仁隆; pinyin-transliteraasje: Zhū Rénlóng) út Seremban. Der wiene ek twa ko-piloaten, Ahmad Hakimi Hanapi en Muhd Firdaus Abdul Rahim. Alle bemanningsleden hiene de Maleizyske nasjonaliteit. Eugene Choo Jin Leong wie in lid fan 'e Sineeske minderheid yn Maleizje; de oare trije piloaten wiene etnyske Maleiers.
Passazjiers Flecht 17 hie in totaal oantal fan 283 passazjiers, hoewol't der yn in Boeing 777 eins mar romte is foar 282 passazjiers. Dat der in passazjier "tefolle" wie, komt om't der ferskate poppen oan board wiene, dy't dus gjin eigen sitplak nedich wiene. Fan 'e passazjiers kaam it meastepart, sa'n 68%, út Nederlân. Yn de earste trije kolommen fan 'e tabel hjirûnder stiet de nasjonaliteit fan 'e passazjiers en bemanningsleden fan flecht MH17 fermeld sa't dy werjûn waard yn it media statement 7 fan Malaysia Airlines, fan 19 july 2014. De gegevens oer dûbele nasjonaliteiten waarden letter pas dúdlik, en binne foar de folsleinens tafoege. nasjonaliteit tal passazjiers tal bemanningsleden dûbele nasjonaliteiten meiteld tal lju mei dûb. nasj. Nederlân 193 0 Fjetnam Belgje de Feriene Steaten Itaalje Maleizje 3 1 1 1 1 Maleizje 28 15 Nederlân 1 Austraalje 27 0 Yndoneezje 12 0 Nederlân 1 it Feriene Keninkryk 10 0 Súd-Afrika 1 Belgje 4 0 Dútslân 4 0 Nederlân 1 de Filipinen 3 0 Kanada 1 0 Roemeenje 1 Nij-Seelân 1 0 totaal 283 15 totaal 12 Under de passazjiers wiene dus neffens de offisjele telling 193 Nederlanners, 28 Maleiziërs, 27 Australiërs, 12 Yndoneziërs, 10 Britten, 4 Belgen, 4 Dútsers, 3 Filipino's, 1 Kanadees en 1 Nijseelanner. Under de Nederlanners wiene twa Friezen, it troude pear Auke Dalstra en Aafke Dalstra-De Vries, fan 'e Gordyk.MH17: De Verhalen over de SlachtoffersDag van Nationale Rouw yn: De Woudklank Oan board wiene lykwols ek ferskate lju mei in dûbele nasjonaliteit. Under de lju dy't yn 'e offisjele berjochtjouwing troch de loftfeartmaatskippij foar Nederlanners oanmurken waarden, wiene 3 dy't ek de Fjetnameeske nasjonaliteit hiene en 1 elk dy't ek de Amerikaanske, Belgyske, Italjaanske, resp. Maleizyske nasjonaliteit hiene.
Fierders wie der ûnder de lju dy't as Maleiziërs opjûn wiene ek noch immen dy't ek in Nederlânsk paspoart hie. Itselde wie it gefal mei ien fan 'e Dútske passazjiers en in Yndonezyske pjut. Yn totaal komt dêrmei it tal slachtoffers mei de Nederlânske nasjonaliteit op 196. Dêrnjonken hie ien Brit behalven in Britsk paspoart teffens de Súdafrikaanske nasjonaliteit, wylst de iene Kanadees ek in Roemeensk paspoart hie.
Under de passazjiers wiene 3 poppen en 77 oare minderjierrigen. Behalven yndividuele passazjiers wiene der teminsten tweintich groepkes dy't yn famylje- of gesinsferbân reizgen, en yn it laadrom befûnen har twa hûnen en in stikmannich fûgels. Seis fan 'e passazjiers wiene ûnderweis nei de Tweintichste Ynternasjonale AIDS Konferinsje, yn it Australyske Melbourne. Ien fan harren wie heechlearaar Joep Lange, in AIDS-ekspêr en earder foarsitter fan it Ynternasjonaal AIDS Genoatskip, dat de konferinsje organisearre.
Oare bekende ynsittenden wiene de Nederlânske PvdA-senator Willem Witteveen (in soan fan 'e eardere fise-premier en minister fan Finânsjes Johan Witteveen); Wim Bakker, de eardere foarsitter fan 'e PvdA-ôfdieling Zoetermeer; de Australyske skriuwer Liam Davison; de Maleizyske aktrise Shuba Jay; en de Foalendamske drummer Cor Schilder, fan 'e band Vast Countenance, dy't foar it ynstappen in foto fan it fleantúch op syn Facebook-side pleatste mei de tekst "Mocht hij verdwijnen, zo ziet hij d'r uit", ferwizend nei de ferdwining fan Malaysia Airlines-flecht 370, in fearnsjier earder.
Ramp Malaysia Airlines-flecht 17 sette op tongersdei, 17 july 2014 ôf fan 'e Amsterdamske lofthaven Skiphol om 12.14 oere Sintraaljeropeeske Simmertiid (CEST). De reis gie nei de Maleizyske haadstêd Kuala Lumpur, dêr't it fleantúch op freed, 18 july om 6.00 oere moarns pleatslike tiid (0.00 oere CEST) oankomme moast. By it yngean fan it Oekraynske loftrom, om likernôch 15.00 Eastjeropeeske Simmertiid (EEST) (14.00 oere CEST), stige it tastel yn oerlis mei de flechtlieding yn Dnjepropetrovsk fan 31.000 foet (9.450 m) nei 33.000 foet (10.060 m), om't it loftrom yn 'e eastlike Oekraïne fanwegen de oarlochssitewaasje ûnder de 32.000 foet sletten wie.
Doe't MH17 oer it oarlochsgebiet boppe de provinsje Donjetsk fleach, en wylst de Oekraynske flechtlieding yn Dnjepropetrovsk dwaande wie mei de oerdracht fan 'e flecht oan 'e Russyske flechtlieding yn Rostov oan de Don, ferdwûn it fleantúch om 16.18 oere EEST (15.18 oere CEST) ynienen fan 'e radar. It die bliken dat MH17 delstoart wie westlik en noardwestlik fan it doarp Hrabove, yn 'e neite fan 'e stêd Torez, op likernôch 40 km fan 'e Russyske grins. Ien fan 'e doarpsbewenners filme it delkommen fan (in diel fan) it fleantúch mei de mobile tillefoan. It feit dat de brokstikken oer in gebiet fan 34 km² ferspraat leine, en dat de sturt op 10 km ôfstân fan 'e rest fan 'e fleantúch lei, wiisde derop dat it tastel heech yn 'e loft útinoar spat wie. Alle ynsittenden wiene dêrby om it libben kommen.
Neisleep Likernôch 90 minuten neitiid, doe't dúdlik waard wat der bard wie, sleaten de Oekraynske autoriteiten it hiele Oekraynske loftrom foar de boargerloftfeart. Foto's fan 'e crashsite, dy't koart nei de ramp nommen binne, litte ferwrongen brokstikken fan 'e romp, wjukken en motors fan flecht MH17 sjen en teffens ferspraat lizzende bagaazje en oare persoanlike besittings en liken. In diel fan 'e brokstikken kaam yn in fjild deunby wenten telâne, en tsientallen stoflike omskotten foelen del yn ikkers en guon yn huzen.
Der waard yn 't earstoan in protte makke fan 'e ûnearbiedige wize dêr't de rebellen en de pleatslike bewenners op omgien hawwe soene mei de stoflike omskotten fan 'e ynsittenden, en boppedat waard melding makke fan grutskalige plonderings en dieverij fan bankpassen, creditcards, sieraden, mobile tillefoans en oare kostberheden. Meitiid belune dy berjochtjouwing stadichoan, en op 6 augustus moast de Nederlânske premier Mark Rutte foar de kamera tajaan dat fan 'e eardere rapportaazjes fan gaos en kriminaliteit op 'e crashsite nei alle gedachten net folle oan wie. Hoewol't der sûnder mis weardefolle dingen, lykas trouringen, ferdwûnen, is nea mei wissichheid fêststeld oft dy ûnder of pas nei de ramp weiwurden binne. Ek it omgean mei de liken bliek letter folle earbiediger west te hawwen as dat earst tocht waard.