In loftfeartalliânsje is in gearwurkingsbûn fan meardere loftfeartmaatskippijen, dy't dêrby wol selsstannich bliuwe. De measte grutte loftfeartmaatskippijen dy't passazjiers ferfiere binne lid fan ien fan de trije wichtichste alliânsjes: Star Alliance, Oneworld en SkyTeam. Sokke alliânsjes moatte it reizgjen foar ynternasjonale passazjiers ienfâldiger meitsje. Ek ûnder frachtloftfeartmaatskippijen binne alliânsjes ûntstien, lykas WOW en SkyTeam Cargo.
Keppelings om utens Oneworld: www.oneworld.com SkyTeam: www.skyteam.com Star Alliance: www.staralliance.com
Kategory:Loftfeart