United Airlines is in Amerikaanske loftfeartmaatskippij dy't fêstige is yn Chicago. It is de grutste loftfeartmaatskippij fan 'e wrâld nei tal bestimmings dêr't hinne flein wurdt. United Airlines is oprjochtend lid fan Star Alliance, wrâldwiid de grutste loftfeartalliânsje. Deis wurde gemiddeld 45.413 passazjiers ferfierd.

Float De float fan United Airlines bestiet 27 july 2015 út 713 fleanmasines. Der binne nochris 17 tastellen yn bestelling by fleanmasinebouwer Boeing. Fleanmasine Tal Bestellings Airbus A319-100 55 Airbus A320-200 97 Boeing 737-700 40 Boeing 737-800 130 Boeing 737-900 133 7 Boeing 747-400 24 Boeing 757-200 70 Boeing 757-300 21 Boeing 767-300 35 Boeing 767-400 16 Boeing 777-200 74 Boeing 787-8 12 Boeing 787-9 6 10 Totaal 713 17

Kategory:Amerikaanske loftfeartmaatskippij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1926