Lofthaven Eelde (offisjele beneaming: Groningen Airport Eelde) is in fleanfjild foar de boargerloftfeart yn 'e neite fan it Drintske doarp Eelde, sa'n njoggen kilometer besuden de stêd Grins.
Loftfeartmaatskippijen dy't fan en nei Eelde fleane binne Arke, Corendon Airlines, Flybe, Transavia en Wizz Air. 2014 waarden 199.651 passazjiers ferwurke.
Bedriuwen Op de lofthaven binne ûnder oare de neifolgjende bedriuwen en fleanskoallen festige: General Enterprises/Cirrus Sales & Service, Skyline Aviation, UMCG Ambulancesoarch, ANWB Medical Air Assistance, KLM Flight Academy, European Flight Training Center BV en de Noord Nederlandse Aeroclub - Eelde (NNAC).
Eelde Kategory:Bouwurk út 1931