Attraksjepark Duinen Zathe (offisjeel, Nederlânsk: Attractiepark Duinen Zathe) is in ferdivedaasjepark yn Appelskea, yn 'e uterste súdeasthoeke fan Fryslân.

Skiednis thumb|left|200px|Duinen Zathe eartiids Duinen Zathe begûn yn 1958 as in kofje- en teeskinkerij, wêrby't de eigner doedestiden efter en njonken it haadgebou eigenhandich houten boarterstastellen boude om 'e bern fan syn klanten dwaande te hâlden. In stadige modernisearring late der úteinlik ta dat de efterseal yn 'e twadde helte fan 'e sechstiger jierren as dancing brûkt waard. Om 1970 hinne waard de saak oernommen, wêrnei't der in yngeande ferbouwing plakfûn.

De boarterstún waard dêrby ferhuze nei it terrein efter it haadgebou, en der waarden grutte attraksjes ynstallearre, wêrûnder botsauto's, oldtimers en in draaimole. In stikmannich jierren letter waard it terrein noch fierder útwreide, en waarden der û.m. in spûkhûs en in teäterseal tafoege.

Yn 1984 kamen de hjoeddeistige eigners yn it besit fan it ferdivedaasjepark. Under de nije lieding fûn der in fierdere útwreiding plak en krige Duinen Zathe mear bekendheid. De lûdsoerlêst waard úteinlik lykwols in probleem foar it doarp, en om't der op it oarspronklike plak, oan 'e Boerestreek, midden yn Appelskea, ek gjin romte mear oer wie foar fierdere útwreiding, waard besletten it hiele park te ferhúzjen nei in oare lokaasje, oan 'e Noarder Es. Dy ferhuzing krige yn 2002 syn beslach. Yn 2025 waarden der twa attraksjes fuorthelle, de Super Nova en de De Flying Swing. Dizze attraksjes waarden mei yngong fan it seizoen 2026 ferfongen troch acht nije attraksjes. Wêrûnder in wetterattraksje en in frije faltoer.

Akkomodaasjes Duinen Zathe beskikt oer in ferskaat oan tradisjonele attraksjes, wêrûnder botsauto's, in klimkastiel, luchtkjessens, in reuzeglydbaan en in spûkhûs. Dêrnjonken binne der ek ferskillende grutte moderne ynstallaasjes, wêrûnder in achtbaan, in wyldwetterbaan en in saneamde supernova mei twa ûnôfhinklik bewegende earms dy't jin it gefoel jout tusken metershege weagen te surfen. Mar ek beskikt it park noch oer in gewoane boarterstún, mei touters, wippen en in sânbak. Yn it teäter binne geregeldwei optredens.

Attraksjes ûndersteande list is ûnfolslein Hjoeddeiske attraksjes Namme IepeneOpm. 100px Spur & the Big Apple 1987 Is mei it attraksjepark mei ferhúze fan de Boerestreek nei de Noarder Es. 100px London City Coaster 2017 De Achtbaan út 1991 stie oarspronklik yn in Britsk ferdivedaazjepark. En hat fan 2008 oant 2016 by Nederlânske merken del reizge. Spûkhûs 2008 Ferfanger fan it eardere spûkhûs út de santiger jierren. 100px Flying Heli's Mini Jet 1981 Is mei it attraksjepark mei ferhúze fan de Boerestreek nei de Noarder Es. Reuzenglijbaan Is mei it attraksjepark mei ferhúze fan de Boerestreek nei de Noarder Es. Waterglijbaan 1995 Is mei it attraksjepark mei ferhúze fan de Boerestreek nei de Noarder Es. 100px Ferkearssirkwy 2017 De ynfentaris fan it ferkearspark komt oarspronklik fan Verkeerspark Assen. Impactor 2026 Frisbee dy't 120 graden hinne en wer slingert Jungle River 2026 Wetterattraksje Piratenbootjes 2026 Botsboatsjes Piratenboot 2026 Skommelskip Vrije Valtoren 2026 Frije faltoer Boerderij Tour 2026 Rûnrit Zweefmolen 2026 Sweefmûne Reuzenrad 2026 Reuzenrêd

Ferdwûne attraksje Namme Iepene OfbrútsenOpm. 100px Super Nova 2007 2025 Reizge earder oer de Nederlânske merken, en giet wer werom nei de Merke.100px De Flying Swing 2008 2025 Reizge earder by Dútske merken del.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Attraksjepark Duinen Zathe

Kategory:Ferdivedaasjepark yn Fryslân Kategory:Appelskea Kategory:Bouwurk yn Eaststellingwerf Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1958 Kategory:Bouwurk út 1958