Air France (formele namme: Société Air France, S.A.) is de grutste loftfeartmaatskippij fan Frankryk. De maatskippij is part fan 'e Air France-KLM-groep en is mei-oprjochter fan SkyTeam, in ynternasjonale alliânsje foar loftfeartmaatskippijen. It haadkertier fan it bedriuw stiet by de lofthaven Charles de Gaulle, benoarden Parys. Air France ferfiert passazjiers en fracht nei 204 bestimmings yn 93 lannen.
Float De float fan Air France bestiet út 231 fleanmasines mei in gemiddelde âldens fan 11,4 jier (18 juny 2015). Fleanmasine Tal Stuollen Airbus A318-100 18 120 Airbus A319-100 40 144 Airbus A320-200 46 180 Airbus A321-100 5 212 Airbus A321-200 18 212 Airbus A330-200 15 208 Airbus A340-300 13 275 Airbus A380-800 10 516 Boeing 747-400 5 432 Boeing 777-200ER 25 280 / 309 Boeing 777-300ER 39 303 / 383 / 468 Boeing 777F 2 Fracht
Kategory:Frânske loftfeartmaatskippij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1933