Firefox OS is in bestjoeringssysteem fan Mozilla, dat draaie kin op Android-compatible mobyltsjes en tablets en yn 'e oarspronklike ferzje útbrocht waard yn 2013. It wurdt kant-en-klear ferkocht, mar kin ek sels op besteande Android-tastellen ynstalleare wurde. Ek in pear telefyzjes wurkje op firmware mei Firefox OS. Foar pc's binne der simulator- en/of emulatorferzjes.
Ynstallaasje Sels ynstallearjen is in behyplik putsje, om't net sa folle typen offisjeel stipe wurde, en de standertynstallaasje dêrom sels oanpast wurde moat foar it tastel. Fierders kin in simulator- of emulatorferzje maklik kompilearre wurde, of ynladen as add-on yn Mozilla Firefox.
Oersetting nei it Frysk De programma's binne foar in part yn it Frysk beskikber.
Fryske staveringshifker De Fryske staveringshifkers fan Hunspell/Myspell en Aspell wurde stipe.
Sjoch ek List fan Frysktalige kompjûterprogramma's
Kategory:Telefoan Kategory:Softwareprogramma Kategory:Software út 2013