LibreOffice is in ûnôfhinklike ûntwikkeling fan OpenOffice, wêrfan't de oarspronklike ferzje útkaam yn 2011. It is in iepenboarne kantoarpakket mei û.o. in tekstbewurker, rekkenblêd- en presintaasjeprogramma.
Oersetting nei it Frysk Sûnt 2015 is der wurke oan de Fryske Oersetting. Mei LibreOffice 6.1 is it dan safier. It earste Fryske kantoarpakket. Ferbetteringen en oanfollingen gean troch.
Fryske staveringshifker In Fryske staveringshifker kin apart tafoege wurde. De staveringshifker wurdt levere troch Hunspell/Myspell dy't op it systeem ynstallearre is (Fryske wurdlist hânmjittich tafoegje), of in losse ekstinsje fan LibreOffice. Yn de lytsere Android-ferzje sit gjin staveringshifker.
Sjoch ek List fan Frysktalige kompjûterprogramma's
Keppelings om utens Staveringshifker fan de Fryske Akademy Staveringshifker Frysk fan OpenOffice Staveringshifker yn de fraachbaak Meidwaan oan de oersetting fan LibreOffice
Kategory:Tekstferwurker Kategory:Opensourcesoftware en frije software Kategory:Software út 2011