Microsoft Office is in kantoarpakket mei û.o. in tekstbewurker, rekkenblêd- en presintaasjeprogramma. De oarspronklike ferzje is fan 1990.
Programma's Microsoft Office bestiet hjoed-de-dei út in oantal produkten mei elk tagong ta ferskate programma's. De meast gongbere produkten mei byhearrende programma's steane hjirûnder beskreaun: +ProgrammaHome & Student 2019Professional Plus 2019365 Personal365 Home365 Business Essentials365 Business365 Business PremiumWordJaJaJaJaNeeJaJaExcelJaJaJaJaNeeJaJaPowerPointJaJaJaJaNeeJaJaOneNoteJaJaJaJaNeeJaJaOutlookNeeJaJaJaNeeJaJaPublisherNeeJaJaJaNeeJaJaAccessNeeJaJaJaNeeJaJaOneDriveNeeNeeJaJaJaJaJaSkypeNeeNeeJaJaJaJaJaSkype foar bedriuwenNeeJaNeeNeeJaJaJaExchangeNeeNeeNeeNeeJaNeeJaSharePointNeeNeeNeeNeeJaNeeJaTeamsNeeNeeNeeNeeJaNeeJaOffice OnlineNeeNeeJaJaJaJaJa
De standalone-ferzjes fan Office 2019 binne in ienmalige oanskaf. Office 365 is allinne yn abonnemintsfoarm beskikber.
Fryske staveringshifker Sûnt 5 july 2019 is der in nije en ferbettere Fryske staveringshifker foar Microsoft Office beskikber. Op it stuit is dizze staveringshifker der allinne noch mar foar Windows, ferzjes foar macOS en oare bestjoeringssystemen komme nei ferwachting foar it ein fan 2019. Brûkers fan macOS kinne ta oan dy tiid de âlde staveringshifker fan de Fryske Akademy brûke.
Sjoch ek List fan Frysktalige kompjûterprogramma's
Keppelings om utens Nije staveringshifker foar Microsoft Office Alde staveringshifker foar Microsoft Office
Kategory:Softwareprogramma Kategory:Software út 1990