Apache OpenOffice is in iepenboarne kantoarpakket mei û.o. in tekstbewurker, rekkenblêd- en presintaasjeprogramma. De oarspronklike ferzje is fan 2012.

OpenOffice.org opfolger 'Apache OpenOffice' is formeel de opfolger (yn namme) fan it programma 'OpenOffice.org', nei de oername troch Apache. In oantal ûntwikkelders wie it net mei de nije koers iens, en is troch gien mei syn eigen ferzje, LibreOffice. Troch de ferskillende lisinsjes, mei LibreOffice de ferbetteringen oan de OpenOffice-boarnekoade oernimme, mar oarsom net. Dat sil yn de takomst yn it foardiel wurkje fan LibreOffice.

Fryske staveringshifker In Fryske staveringshifker kin apart tafoege wurde. De staveringshifker wurdt levere troch Hunspell/Myspell dy't op it systeem ynstallearre is (Fryske wurdlist hânmjittich tafoegje), of in losse (ferâldere) ekstinsje yn OpenOffice sels. In losse ekstinsje fan LibreOffice, dy't wol by de tiid is, kin ek ynstallearre wurde.

Sjoch ek List fan Frysktalige kompjûterprogramma's

Keppelings om utens Staveringshifker Frysk fan OpenOffice Staveringshifker fan de Fryske Akademy (LibreOffice)

Kategory:Softwareprogramma Kategory:Software út 2012