Martinair (formiele benamming: Martinair Holland N.V.) is in Nederlânske loftfeartmaatskippij, dy't sûnt 2011 allinnich fracht ferfiert. It bedriuw waard 1958 oprjochte troch Martin Schröder en John Block ûnder de namme Martin's Air Charter.

Float De float fan Martinair bestiet july 2015 út 8 tastellen. Fleanmasine Tal Opmerkings Boeing 747-400ERF 3 Leased fan 'e KLM Boeing 747-400BCF 1 Ut 'e float yn 2015 McDonnell Douglas MD-11F 4 Ut 'e float yn 2016

Ungemakken 4 desimber 1974 fleach in Douglas DC-8 fan Martinair yn Sry Lanka tsjin in berch. Alle ynsittenden, 184 Yndonezyske passazjiers en 7 Nederlânske bemanningsleden, kamen om hals. 21 desimber 1992 ferûngelokke in Douglas DC-10 fan Martinair tidens de lâning op 'e lofthaven fan Faro yn it suden fan Portugal. It tastel hie 13 bemanningsleden en 327 passazjiers oan board, dy't de krystfakânsje oan 'e Algarve slite woenen. 54 passazjiers en 2 bemanningsleden kamen om hals.

Kategory:Nederlânske loftfeartmaatskippij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1958