Ripley Hitchcock (folút: James Ripley Wellman Hitchcock; Fitchburg (Massachusetts), 1857 – 1918) wie in foaroansteand Amerikaansk boekeredakteur dy't foar de útjouwerij Harper & Brothers wurke. Hy hie grutte ynfloed op 'e úteinlike foarm fan 'e troch him redigearre boeken, dêr't wurken fan Rudyard Kipling, sir Arthur Conan Doyle, Stephen Crane en Zane Grey ûnder wiene. Dêrnjonken wied er ek sels aktyf as publisist.

Libben Hitchcock waard yn 1857 berne yn Fitchburg, yn 'e steat Massachusetts, as de soan fan sjirurch Alfred Hitchcock (1813-1874). Hy studearre yn 1877 ôf oan 'e Universiteit fan Harvard, dêr't er lykwols neitiid noch as "bûtengewoan studint" trochlearde yn 'e skiene keunsten en de filosofy. Dêrnjonken folge er in jier lang kolleezjes oan it Newyorkske Kolleezje foar Dokters en Sjirurgen.

Yn 1882 sette Hitchcock útein mei syn profesjonele karriêre yn 'e hoedanichheid fan sjoernalist foar de krante de New York Tribune. Yn 1890 waard er literêr adviseur foar de útjouwerij D. Appleton & Co., dêr't syn yngeande redaksje fan David Harum, mei ynstimming fan 'e op stjerren lizzende skriuwer Edward Noyes Westcott, it manuskript ta in bestseller makke, dy't letter ferfilme waard. Fan 1902 oant 1906 wie Hitchcock ûnderdirekteur fan A.S. Barnes, en fan 1906 ôf wurke er de rest fan syn karriêre as boekeredakteur by de grutte en tige foaroansteande útjouwerij Harper & Brothers, yn New York.

Hitchcock is wol omskreaun as in djip religieus en aartskonservatyf bolwurk fan 'e fêstige oarder yn 'e Amerikaanske útjouwersbrâns.Artikel oer Ripley Hitchcock yn A Stephen Crane Encyclopedia As boekeredakteur waard er, fral nei syn dea, berucht om 'e frijheden dy't er himsels tastie mei oarmans wurk, wêrby't er it net nedich fûn om 'e skriuwer by it werskriuwen te belûken. Sa swakke er yn 'e boeken dy't er behannele, stelselmjittich alle uterings fan seksualiteit ôf, wiske er alle flokwurden, timpere er gauris gewelddiedige passaazjes en slipe er de skerpe puntsjes fan irony en sarkasme ôf. It manuskript The Red Badge of Courage, fan Stephen Crane, feroare er troch in stikmannich yngeande en doelbewuste yngrepen fan in anty-oarlochsroman yn in oarlochsroman. En by it boek The Lone Star Ranger, fan Zane Grey, besleat er sels op eigen manneboet mar om 'e twadde helte fan it manuskript fuort te smiten en der ynstee de lêste helte fan in oar manuskript fan Grey oan fêst te plakken.

Yn Hitchcock syn tiid koe soks blykber, mar tsjintwurdich wurdt syn dwaan en litten yn 'e útjouwerswrâld rûnom as ûntalitber beskôge en gauris oanhelle as in skoalfoarbyld fan hoe't it net moat. Ferskate romans dy't troch Hitchcock "ferbettere" wiene, binne yn resinte jierren yn har oarspronklike foarm útjûn, mei dêrûnder The Red Badge of Courage fan Stephen Crane, en Desert Gold fan Zane Grey. Njonken syn redaksjewurk wie Hitchcock ek sels aktyf as skriuwer, wêrby't er non-fiksjewurken publisearre oer keunst en oer de skiednis fan it Wylde Westen.

Wurk 1885 – The Western Art Movement 1885 – A Study of George Jenness, with a Catalogue of the Jenness Exhibition 1886 – Etching in America 1888 – Madonnas by Old Masters 1890 – Some American Painters in Water Colors 1899 – Thomas De Quincey: A Study 1903 – Louisiana Purchase Explorations: Early History of the Building of the West 1903 – Richard Henry Stoddard: Some Personal Notes 1905 – The Lewis and Clark Expedition

Kategory:Amerikaansk boekeredakteur Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk sjoernalist Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1857 Kategory:Persoan stoarn yn 1918