D' Alde Wite, offisjeel de Salviustsjerke, is in tsjerkegebou yn it doarp Dronryp yn 'e Fryske gemeente De Waadhoeke.

Beskriuwing Fan oarsprong wie d' Alde Wite in roomske tsjerke, dy't wijd wie oan 'e hillige Salvius. It gebou waard yn 'e tolfde iuw yn 'e romaanske boustyl set, mar by in grutte ferbouwing yn 1504 krigen benammen it koar en de súdmuorre in goatysk karakter. thumb|left|Skerven fan in raam út de Salviustsjerke fan foar de reformaasje mei in foarstelling fan Anna, Marije en Jezus. Nei de reformaasje waard d' Alde Wite in herfoarme tsjerkegebou, en sûnt 2004 is it yn besit fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân. De bynamme d' Alde Wite ferwiist nei de kleur fan 'e bûtenmuorren en is sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw alhiel ynboargere rekke, sasear sels, dat de measte Rypsters net iens witte dat it net de offisjele namme fan 'e tsjerke is. D' Alde Wite is in wichtich symboal fan Dronryp, en dêrom is de boppeste helte fan 'e toer op 'e doarpsflagge ôfbylde.

Beskriuwing De ienskippige tsjerke is oerdutsen mei in tonferwulft. De toer waard yn 1544 boud en hat in yn 1493 getten liedklok fan Geert van Wou. De súdlike tagong hat in fronton mei in deadskop tusken twa obelisken. Njonken de doar sit in tinkstien ta oantins oan wolkjimmer en astronoom Eise Eisinga, dy't yn Dronryp berne waard. It fronton boppe de eastlike tagong hat trije bylden fan 'e deugden, wêrûnder Caritas.

Oargel It oargel, út 1653, is it âldste tsjerkoargel fan Fryslân. It waard makke troch de bruorren Arnoldus en Tobias Bader. Dat oargel waard yn 'e njoggentjinde iuw restaurearre troch Willem Hardorff en yn 'e tweintichste iuw nochris troch Bakker & Timmenga. It ynterieur fan d' Alde Wite omfiemet fierders sân hearebanken en in grut tal grêfsarken yn 'e flier.

Publikaasjes ''Sint Salvius op de Terpen (Dronrijps Heerlijk Hoogtepunt)'', ISBN 90 330 1255 3 / CIP

Ofbylden

Keppeling om utens Orgelsite: disposyje oargel.

Kategory:Dronryp Kategory:Tsjerkegebou yn Menameradiel Kategory:Tsjerkegebou yn De Waadhoeke Kategory:Ryksmonumint yn Menameradiel Kategory:Ryksmonumint yn De Waadhoeke Kategory:Bouwurk út de 12e iuw Kategory:Bouwurk út 1544