Desert Gold is in klassike westernroman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Zane Grey (1872-1939). It boek ferhellet oer de aventoeren fan Dick Gale, in jongeman út it easten fan 'e Feriene Steaten dy't om 1910 hinne oan 'e grins fan Arizona mei Meksiko bedarret en dêr behelle rekket yn 'e ûnstjoer dy't de oangeande Meksikaanske Boargeroarloch yn dy kontreien feroarsaket. Desert Gold waard foar it earst publisearre yn 1913, yn in ferzje dêr't frijwat feroarings yn oanbrocht wiene troch Grey syn eigenmachtige redakteur Ripley Hitchcock, fan útjouwerij Harper & Bros. Yn dy foarm waard it ferhaal letter trijeris ferfilme. Pas yn 2007 waard Grey syn manuskript by Dorchester Publishing yn oarspronklike foarm publisearre, ûnder de titel Shower of Gold.

Eftergrûn It manuskript fan Desert Gold waard troch Zane Grey yn 1912 yntsjinne by syn útjouwer Harper & Bros. yn New York. It siet him tsjin mei't syn redakteur dêre in Ripley Hitchcock wie, in man dy't folle mear die as inkeld redigearje; hy lei skriuwers syn eigen ideeën op. It eardere manuskript fan Riders of the Purple Sage, dat ien fan 'e meast ferneamde westernromans ea wurde soe, hied er nei Grey weromstjoerd mei it berjocht dat it net út te jaan wie. Doe't Grey nei Hitchcock syn baas ta stapte, waard de man weromfluite, mar wol op it betingst dat Grey ynstimme moast mei eltse oanpassing dy't Hitchcock foarstelde. Fan dat punt ôf besleat Hitchcock sels it werskriuwwurk mar te dwaan, mei't er it blykber net nedich fûn om 'e eigentlike skriuwer dêrby te belûken. By it boek The Lone Star Ranger besleat er sels op eigen manneboet mar om 'e twadde helte fan it manuskript fuort te smiten en der ynstee de lêste helte fan in oar manuskript fan Grey oan fêst te plakken. Mei't Grey grutte muoite hân hie om syn earste boeken útjûn te krijen, en yn dy tiid noch in folslein ûnbekend skriuwer wie, koed er net folle oars as him by dizze behanneling dellizze.

Op it mêd fan Desert Gold wiene Hitchcock syn yngrepen net sa yngeand as by guon oare boeken, mar dochs drukte er noch dúdlik syn stimpel op it wurk. Yn it foarste plak karde er Grey syn titel The Ranger of Forlorn River ôf en ferfong dy troch Desert Gold ("Woastyngoud"). Fierdersoan swakke er eltse ferwizing nei seksualiteit en in grut part fan it geweld ôf, wylst de klimaktyske slaanderij oan 'e ein fan it boek hielendal fuortsnien waard. Der waard net mear flokt, de typyske dialektyske petearstyl fan 'e cowboys waard omset ta gewoan Amerikaansk-Ingelsk, en de dialooch waard op in soad plakken feroare sadat de personaazjes no seine wat Hitchcock fûn dat se sizze moasten. It wiene meast subtile oanpassings, mar al mei al waard it ferhaal dat Grey fertelle woe út 'e foegen skuord en ferwrongen.

Om't útjouwers doedestiden alle publikaasjerjochten op wurken hiene dy't by harren útkommen wiene, waard Hitchcock syn ferzje net inkeld yn 1913 útjûn yn boekfoarm, mar ek yn it foarjier fan dat jier as fúljeton yn it tydskrift The Popular Magazine publisearre. Ek de Nederlânske oersetting, dy't yn 1965 ûnder de titel Woestijngoud útkaam by de Zuid-Nederlandse Uitgeverij te Antwerpen, wie Hitchcock syn ferzje. Pas 93 jier nei dato, yn 2007, waard it oarspronklike manuskript fan Zane Grey útjûn troch Dorchester Publishing. Men woe it boek doe earst ek wer syn oarspronklike titel The Ranger of Forlorn River weromjaan, mar yn oerlis mei Grey syn jongste soan Loren Grey waard besletten dat net te dwaan, om betizing foar te kommen mei in oare roman mei as titel Forlorn River, dy't Grey yn 1927 publisearre hie. Sadwaande waard foar de nije orizjinele útjefte keazen foar de alternative titel dy't Grey yn 1913 foar Desert Gold útsteld hie: Shower of Gold ("In Rein fan Goud"). Yn 2013 kaam der in werprintinge fan Shower of Gold út by AmazonEncore.

Ynhâld Prolooch Desert Gold set útein mei in prolooch wêryn't in ienlike goudsiker yn 'e ûnmeilydsume woastyn fan súdlik Arizona omdoarmet. Hy neamt himsels Cameron (yn Desert Gold) of Cardashan (yn Shower of Gold), en hat him nei de woastyn bejûn om't de iensumens dêre him helpt om syn oantinkens yn libben te hâlden. It binne de oantinkens oan Nell, in tsjeppe jongfaam, mei wa't er omslein hat doe't er in wylde jongfeint wie, en by wa't er in bern oanset bliek te hawwen nei't er sels op 'e siik nei wurk fier fan hûs swalke wie. Yn in tiid dat it krijen fan in bern bûten it houlik om in freeslike skande wie dy't jins libben ferrinnewearje koe, besocht it fanke wanhopich om Cameron te berikken, dat er mei har trouwe koe foar't har skande foar eltsenien te sjen wêze soe, mar har brieven berikten him te let. Tsjin 'e tiid dat se him einlings en te'n lêsten fûnen, en hy him halje-trawalje werom nei hûs hastige, wie de poppe, in famke dat ek Nell neamd wie, al te wrâld kommen en hiene mem en dochter harren thús ûntflechte yn in fergees besykjen om oan 'e rabberij te ûntkommen en yn in oar wenplak yn it Westen in nij bestean op te bouwen. Cameron helle in troufergunning en reizge har efternei, mar rekke it spoar bjuster en bedarre jierren letter yn súdlik Arizona.

Op in dei treft Cameron djip yn 'e wyldernis in oare goudsiker, in âldman, mei wa't er nachts in kampfjoer dielt. De oare moarns geane hja wer útinoar, mar in pear dagen letter treffe se inoar wer, en úteinlik beslute se tegearre fierder te swalkjen. Cameron syn maat is in swijsume man, dy't earst inkeld kwyt wol dat er nei de woastyn ta kommen is om te ferjitten. Sa njonkelytsen komt syn ferhaal der lykwols út: hy komt út it easten, dêr't er as widner syn ienlingsdochter grutbrocht. Om't er foar syn wurk in protte fan hûs wie, moast it fanke in grut part fan 'e tiid harsels rêde. Sûnder dat hy it wist, sloech se om mei in fint dy't har mei in bern sitte liet. Syn dochter naaide út nei it Westen, en de jongkeardel wie dy kant ek útgien, dat de âldman sette se efternei, yn 'e hoop om syn dochter werom te finen en mei it doel om 'e jongfint te fermoardzjen. Mar hy fûn gjinien fan beiden ea wer, en bedarre úteinlik as goudsiker yn 'e woastyn. Kjel wurden freget Cameron de man nei syn namme, en as it antwurd "Jonas Warren" is, beseft er dat it needlot him gearbrocht hat mei de heit fan syn Nell.

Nei in sliepeleaze nacht bekent Cameron de oare moarns dat syn wiere namme Robert Burton is. Warren fljocht him oan en de mannen wrakselje oant se beide suver net mear kinne. Letter, as Warren wer oansprekber is, lit Burton him de troufergunning sjen, dy't er al dy jierren meidroegen hat. De mannen beslute dan it dokumint te ferfalskjen, mei't it gerjochtsgebou yn Peoria, dêr't se wei komme, ferskate jierren earder mei argyf en al ôfbaarnd is, en nimmen dus bewize kin dat it om in ferfalsking giet. Se folje it dokumint yn as wie it houlik tusken Robert Burton en Nell Warren wier-wier sletten, en ferfolgje neitiid har trektocht troch de woastyn. Op in dei komt har in swiere sânstoarm oer 't mad, en hoewol't se dy allebeide oerlibje, reitsje se har ezels en it grutste part fan har ark en reau kwyt. Te foet besykje se út 'e woastyn te kommen, mar mei hieltyd minder wetter slagget dat net. Uteinlik wit Warren, dy't dêr in jefte foar hat, wetter te finen op in heech punt tusken de rotsen, dêr't blykber in ûndergrûnske rivier deun by it oerflak lâns streamt. De âldman hat lykwols mei it graven syn lêste krêften ferspile. Ear't er it bewustwêzen ferliest, drukt er Cameron op it hert om te sjen dat er út 'e woastyn komt, mar Cameron wegeret syn fallen kammeraat efter te litten, en bliuwt by him oant er stjert, ek al is er tsjin dy tiid sels sa ferswakke, dat er net mear fierder kin.

Roman Jierren letter, om 1910 hinne, komt Dick Gale oan yn it stedsje Casita, dat foar in diel yn 'e Amerikaanske steat Arizona en foar in diel yn Meksiko leit. Hy komt út it easten dêr't er opgroeid is yn in begoedige fermidden. Nei't er spul krigen hat mei syn heit, hat er lykwols besletten om syn fortún yn it Westen te sykjen. Dat wol oars mar min slagje, en tsjin 'e tiid dat er yn Casita oankomt, is syn jild suver op. Dy jûns keare syn kânsen lykwols, want yn in saloon yn it grinsstedsje komt er in âlde maat fan him tsjin, George Thorne. Dyselde tsjinnet no by it 9e Kavaleryrezjimint, dat op 't heden yn Casita legere is om derfoar te soargjen dat de Meksikaanske Boargeroarloch oan 'e Meksikaanske kant fan 'e grins bliuwt en net op Amerikaansk grûngebiet útfochten wurdt.

Thorne is like bliid om Gale te sjen, want hy sit der raar foar. Ferskate wiken earder is er nammentlik yn 'e kunde kommen mei in tige tsjeppe Meksikaanske flechtlinge, Mercedes Castañeda, in dochter út in rike famylje fan Spaansk komôf. Foar Thorne wie it leafde op it earste gesicht en foar Mercedes wie it net oars, mar hja wurdt hjitfolge troch Rojas, in ûnmeilydsume rebellelieder, dy't har heit fermoarde hat en troch har obsedearre rekke is. Foar har eigen beskerming hat Thorne Mercedes by de oare flechtlingen weihelle en ûnderbrocht yn in hotelkeamer yn 'e saloon, mar no is Rojas dy eigenste deis yn Casita oankommen, dat hy moat sjen dat er Mercedes út it stedsje smokkelet. Allinnich, hy is soldaat en as er samar by syn ûnderdiel wei giet, wurdt er oanklage foar desersje.

Gale, dy't nei lang doelleas omdoarmjen einlings in doel foar eagen kriget, wol syn maat datoangeande graach helpe, mar foar't se Mercedes ta de saloon út krije kinne, strykt Rojas mei syn mannen yn 'e taapkeamer del. Gale drukt Thorne dan op it hert om nei syn faam ta te gean en mei har út te naaien sadree't hysels foar ôflieding soarge hat. Gale syn ôflieding is net subtyl; hy hat op 'e universiteit Amerikaansk fuotbal spile, en draaft op 'e ferbjustere Rojas ôf om him mei stoel en al te tackeljen, wêrnei't er der mei de fûsten flink op timmeret. Hy kriget ûnferwachte help fan in pear Amerikaanske cowboys yn 'e saloon, dy't mei lutsen revolvers de Meksikanen tsjinhâlde dy't Rojas helpe wolle. As se de ljochten útsjitte, wit Gale yn 'e tsjusterte út 'e saloon te ûntkommen. Hy fynt Thorne en Mercedes werom krekt as it skâljen fan in trompet oanjout dat Thorne werom moat nei syn ûnderdiel, en dêrnei tsjogge Gale en Mercedes tegearre geandefoet de woastyn yn, sûnder in idee hoe no fierder. Lokkigernôch komme de beide cowboys dy't Gale yn 'e saloon holpen hawwe, harren efterop. Hja binne Charley Ladd en Jim Lash, en as it paad nei it noarden harren tichtset wurdt troch Rojas syn mannen, liede hja Gale en Mercedes troch de gemien skerpe kaktusfjilden nei Forlorn River ta, in oäze yn 'e woastyn fierder westlik oan 'e grins.

Forlorn River is it wenplak fan Tom Belding, in ynspekteur foar de Amerikaanske ymmigraasjetsjinst, dy't as taak hat om Sinezen en Japanners tsjin te hâlden dy't fia Meksiko de Feriene Steaten besykje binnen te glûpen. Mei de oangeande boargeroarloch yn Meksiko is it trouwens sa dat Belding op 't heden mear te stellen hat mei ynfallen fan Meksikaanske hynstedieven as fan yllegale Aziaten. Ladd en Lash binne bekenden fan him, en om't er mear rangers nedich is om 'e grins ticht te hâlden, biedt er harren fuort wurk oan. Op oanstean fan 'e beide cowboys nimt Belding ek Dick Gale oan as ranger. Mercedes fynt yn Forlorn River in taflechtsoard om te wachtsjen oant Thorne syn tsjinst by de kavalery úttsjinne hat, en hja slút daliks freonskip mei Belding syn styfdochter Nell Burton.