Fokker D.II 275px Rol Jachtfleantúch Makker Fokker Untwerper Martin Kreutzer Earste flecht Jannewaris 1916 Yn tsjinst 1916 Ut tsjinst Septimber 1917 Tal makke 177? Brûkers Dútslân, Nederlân, Switserlân De Fokker D.II wie in jachtfleantúch fan Fokker út de Earste Wrâldoarloch yn tsjinst fan de Dútske Luftstreitkräfte. Oars as jin tinke soene is de D.II (projektnamme M17) de foargonger fan de D.I (projektnamme M18). Beide Fokkers kamen tagelyk yn tsjinst fan it Dútske leger, nei't de earste 90 tastellen om july/augustus 1916 besteld wiene. De haadûntwerper wie Martin Kreutzer. De D.II en D.I hiene ferskillende motors, mar wiene fierder gelyk.

Spesifikaasjes

Algemien Bemanning: 1 Lingte: 6,29 m Spanwiidte: 9,04 m Hoogte: 2,55 m Fleugeloerflak: 18,0 m2 Gewicht leech: 450 kg Gewicht fol: 708 kg Prestaasjes Motor: 1 × Oberursel U.I rotaasjemotor, 75 kW (100 hk) Topfaasje: 160 km/o Klimfaasje: 4,2 m/s Fleanberik: 200 km Tsjinstplafond: 4000 m Bewapening: 2×7,92 mm Maxim-mitrailleurs

Kategory:Fleanmasine yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Dútske jachtfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1916