thumb|Igor Sikorsky Igor Ivanowitsj Sikorsky (Oekraynsk: Ігор Іванович Сікорський, Russysk: Игорь Иванович Сикорский) (Kiëv (de Oekraïne), 25 maaie 1889 - Easton (Konettikut), 26 oktober 1972) wie in Oekraynsk-Amerikaansk loftfeartpionier. Sikorsky hat ferskate wichtige bydragen levere oan de ûntjouwing fan de loftfeart. Hy wie ûnder mear de earste dy't fleanmasines mei fjouwer motors ûntwurp, de Russky Vityaz yn 1913, en it earste linefleantúch, Ilya Muromets yn 1914. Nei't er nei Amearika emigrearre wie gie er troch mei it bouwen fan fleantugen en krige syn namme klank as pionier fan de helikopteryndustry.
Fleanmasines ûntwurpen troch Sikorsky thumb|De S29 S-6 – Ferkearsfleantúch foar trije passazjiers, 1912 S-21 Russky Vityaz - Twadekker mei fjouwer motors, 1913 S-22 Ilya Muromets - Twadekker mei fjouwer motors, 1913 S-29 Twadekker mei twa motors, 1924 S-42 Clipper – Fleanboat, 1934 VS-300 - Eksperimintele helikopter prototype, 1939 VS-44 Excambian - fleanboat, 1942 R-4 De earste produksjehelikopter, 1942
Publikaasjes Sikorsky, Igor Ivan. The Message of the Lord's Prayer. New York: C. Scribner's sons, 1942. OCLC 2928920 Sikorsky, Igor Ivan. The Invisible Encounter. New York: C. Scribner's Sons, 1947. OCLC 1446225 Sikorsky, Igor Ivan. The Story of the Winged-S: Late Developments and Recent Photographs of the Helicopter, an Autobiography. New York: Dodd, Mead, 1967. OCLC 1396277
Kategory:Amerikaansk loftfeartpionier Kategory:Amerikaansk fleantúchûntwerper Kategory:Oekraynsk loftfeartpionier Kategory:Oekraynsk fleantúchûntwerper Kategory:Amerikaansk persoan fan Oekraynsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1889 Kategory:Persoan stoarn yn 1972