De echte sliepmûzen (wittenskiplike namme: Glirinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha) en de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae). Dizze ûnderfamylje omfettet mar 2 libbene soarten, ferdield oer 2 skaaien. Dêrûnder is ek de sânslieper (Glis glis), de bekendste sliepmûzesoarte, dy't yn grutte dielen fan Jeropa foarkomt.
Klassifikaasje
ûnderfamylje echte sliepmûzen (Glirinae) skaai Japanske sliepmûzen (Glirulus) Japanske sliepmûs (Glirulus japonicus) skaai sânsliepers (Glis) sânslieper (Glis glis) skaai Stertomys †
Kategory:Sliepmûs