De ikelmûzen (wittenskiplike namme: Eliomys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en de ûnderfamylje fan 'e Jeraziatyske sliepmûzen (Leithiinae). Dit skaai omfiemet trije libbene soarten, dy't foarkomme yn Jeropa, noardlik Afrika en yn it Midden-Easten. Dêrûnder is ek ien fan 'e bekendste sliepmûzesoarten, de ikelmûs (Eliomys quercinus). In fjirde soarte, de Brylske sliepmûs (Eliomys briellensis), is in fossyl dat ûntdutsen is yn 'e Soerlânboargatten by De Bryl, op Foarne-Putten.
Skaai-opbou
skaai ikelmûzen (Eliomys) Afro-Aziatyske woastynsliepmûs (Eliomys melanurus) Brylske sliepmûs (Eliomys briellensis) † ikelmûs (Eliomys quercinus) Magrebsliepmûs (Eliomys munbyanus)
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Sliepmûs