It Kartaachske Ryk of it Punyske Ryk wie yn de âldheid de grutste seemacht en beskaving yn it westlike Middellânske Seegebiet. De stêd Kartago wie it sintrum fan it ryk dat fan likernôch 814 f.Kr. oant 146 f.Kr. bestie. It begûn as in Fenisyske hannelskoloanje en woeks stadichoan út ta in machtige stedsteat. It waard oant de tredde iuw f.Kr. de machtichste see- en hannelsmacht yn it westlike Middellânske Seegebiet. It ryk omfieme op syn wiidst de kustgebieten fan it hjoeddeistige Lybje, Tuneezje, Algerije, Marokko en Spanje en de eilannen Malta, Sisylje, Sardynje, Korsika en de Baleären.
It ryk hie de grutste kriichsfloat fan dy tiid en in leger dy't foar in grut part út hierlingen bestie. Troch syn dominante posysje rekke Kartago gauris yn konflikt mei buorfolken, lykas de ferskate Berberske stammen yn Noard-Afrika, de Grykske Sisyljers yn Sisylje en de machtiger wurdende Romeinske Republyk, dêr't Kartago nei de Punyske oarloggen lang om let belies oan jaan moast.
De taal fan de Kartagers wie it Punysk, dat út it Fenisysk wei fuortkaam. De wichtichste boarnen oer Kartago dy't oerlevere binne, komme fan Gryksk-Romeinske skriuwers, lykas fan benammen Polybius en Titus Livius, om't in grut part fan it Punysk skriuwwurk fuortrekke waard. De Grykske en Romeinske skriuwers skreaune lykwols yn in negatyf ljocht oer Kartago om't it de fijân wie. Troch argeologyske fynsten is der folle mear oer de Kartaachske kultuer bekend wurden.
Namme De namme "Kartago" komt fan it Midfrânske Carthage, dat fan it Latynske Carthāgō en Karthāgō komt, dat wer fan it Grykske Karkhēdōn (Καρχηδών) en Etruskyske *Carθaza komt, en dy't wer fan it Punyske qrt-ḥdšt (𐤒𐤓𐤕 𐤇𐤃𐤔𐤕 "nije stêd") komme.
"Punysk", dat gauris as in synonym brûkt wurdt mei "Kartaachsk", komt fan it Latynske poenus en punicus, dat wer fan it Grykske wurd Φοῖνιξ (Phoinix), meartal Φοίνικες (Phoinikes), komt en dat as in eksonym brûkt waard om nei de Kanaänityske havenstêden te ferwizen dêr't de Griken mei hannelen. It Latyn naam de Gryskske wurden nochris oer as phoenix, meartal phoenices. De Griken en Romeinen brûkten beide de begripen "Fenisysk" en "Punysk" om nei alle Fenysjers te ferwizen dy't yn it Middellânske Seegebiet wennen. Hjoeddeistige skiedkundigen ferwize "Punysk" nei de Fenysjers yn it westlike Middellânske Seegebiet, sa as bygelyks de Kartagers. Ek wurde Punyske groepen wol ferwiisd as bygelyks "Sisilo-Punysk" foar de Fenysjers yn Sisylje of "Sardo-Punysk" foar dyjingen yn Sardynje. Aldgrykske skriuwers ferwiisden bytiden de mingde Punysk-lânseigen befolking fan Noard-Afrika (Lybje) as "Libo-Fenysjers".
It is net wis wat de Kartagers harren sels neamden. It Fenisyske heitelân yn it Midden-Easten stie yn de lânseigen sprake as 𐤐𐤕 (Pūt), en it folk as de 𐤐𐤍𐤉𐤌 (Pōnnim) bekend. Skriuwers fan it âlde Egypte oppenearren dat it folk fan dy omkriten harren sels Kenaani of Kinaani (Kanaäniten) neamden. In passaazje fan Augustinus waard gauris ynterpretearre dat de Púnjers yn Noard-Afrika harrensels chanani (Kanaäniten) neamden, mar dat wurdt hjoed-de-dei sjoen dat dat om in fersin gie. Guon bewiis yn Sisylje hat sjen litten dat guon westlike Fenysjers it begryp Phoinix brûkten.
Leginde thumb|De selsmoard fan Dido troch Claude-Augustin Cayot (1667–1722) Der is net in soad bekend oer it stiftsjen fan Kartago. Der binne ferskate wurken oerlevere fan Grykske en Romeinske skriuwers dy't mear legindarysk fan aard binne, mar dochs in grissel fan de werklikheid befetsje. Dy leginden waarden almeast skreaun nei't Kartago oan de ein fan de Tredde Punyske Oarloch troch de Romeinen ferwoastge waard.
De leginden komme aardich meiïnoar oerien dat de stêd Kartago troch kolonisten fan de Fenisyske stedsteat Tyrus, laat troch de ferballe prinsesse Dido (ek bekend as Elissa of Alissa), stifte waard. Dido wie de dochter fan kening Belus II fan Tyrus, dy't de troan nei syn dea taliet oan Dido en har broer Pygmalion. Pygmalion liet Dido har man Aserbas, de hegepreester fan Melkart, fermoardzje, om't Pygmalion syn rykdom begearde. Dido en har folgelingen flechten dêrop fan har broer en ferfearen nei Noard-Afrika en stiftsje dêr in nije stêd.
Doe't Dido en har Tyrenen dêr oankamen, waarden se groeten troch it Numidysk stamhaad Hiarbas, dy't harren in stik lân ta sei yn de grutte dat bedutsen wurde kin troch de hûd fan ien hiele okse. Dido wie snoad en snie de hûd yn tige tinne slyskes en lei dy om de gânse heuvel fan Byrsa hinne. Doe't de Tyrenen úteinsetten mei it graven fan de fundearrings, fûnen se de kop fan in okse. Dat wie it foarteken dat de stêd it dreech hawwe soe en ta slaaf makke wurde soe. Se besleaten dêrnei de stêd justjes fierderop te bouwen, dêr't se de holle fan in hynder fûnen, dat yn de Fenisyske kultuer in teken fan dapperens en oerwinning betsjutte. It hynder foarsei it plak en de woltierigens fan de nije stêd en waard it embleem fan Kartago, dat fan it Fenisyske Qart-Hadasht (Nije Stêd) ôfkomt.
Kartago woeks de folgjende sân jier út ta in woltierich plak ûnder de hearskippij fan keninginne Dido. De woltierigens fan de nije stêd lutsen Fenysjers fan it tichteby lizzende Utika, en lânseigen Lybjers allyk, oan. Kening Hiarbas woe Dido boaskje, mar út eare fan har ferstoarne man, woe se dat mar net. Njonkelytsen bea Dido in skûlplak yn Kartago oan Aeneas en syn manlju oan, dy't út Troje wei flechten. Dido en Aeneas rekken meiïnoar fereale, en mei in jachtekspedysje makken se plannen om meiïnoar te trouwen. De god Jupiter stjoerde dêrop in geast yn de foarm fan de god Merkurius om Aeneas yn it sin te bringen dat it net de bedoeling wie dat er yn Kartago mei syn nije leafde bliuwe soe, mar dat er nei Itaalje ferfarre moast en stiftsje Rome. Aeneas en syn Trojanen ferfearen dêrnei nei Itaalje en Dido rekke tige drôf, dat se harsels mei syn swurd deastuts. Wylst se ferstoar rôp se in flok út dat der in ivige striid tusken it folk fan Aeneas en it folk fan harsels wêze soe, doelend op de strideraasjes dy't om de macht fan it Middellânske Seegebiet tusken Kartago en de Romeinske Republyk útfochten wurde soene.
Skiednis Stifting as Fenisyske koloanje thumb|In búste fan de goadinne Tanit út de fjirde iuw f.Kr. dat fûn waard yn de nekropolis fan Puig des Molins, hjoed-de-dei yn it museum fan Puig des Molins, Ibytsa Om harren hannel makliker te meitsjen stiften de Fenysjers ferskate koloanjes en hannelsposten yn it Middellânske Seegebiet. Om't Fenysje gjin ienheidsteat wie, mar út selsstannige stedsteaten bestie, wiene der gjin mooglikheden en ek net it ferlet derfoar en stiftsje in grut koloniaal ryk. De measte koloanjes hiene lykwols net mear as 1000 ynwenners, mei útsûndering fan in pear sa as bygelyks Kartago, dy't grutter woeksen. De reden foar kolonisaasje wie meastentiids feilige plakken te finen foar harren hannelsfloat. Ek woene guon fan de Fenysjers fan harren ferplichtingen ûntsnappe, dy't machten om utens gauris op harren Fenisyske thúslân opleine. In oare driuwfear wie de opkommende Griken, dy't ek koloanjes stiften yn it Middellânske en Swarte Seegebiet.
De earste Fenisyske koloanjes yn it westlike Middellânske Seegebiet woeksen by de twa hannelsrûtes rjochting it Ibearysk Skiereilân del. Oan de iene kant by de kust fan Noard-Afrika del en oan de oare kant op de eilannen Malta, Sisylje, Sardynje, Korsika en de Baleären. Tyrus, dy't de woltierichste stedsteat fan de Fenisyske lânstripe wie, late de koloniale fêstigings oan de kusten. Neffens Strabo stiften de Tyrenen wol 300 koloanjes oan de noardafrikaanske kust, alhoewol't it in dúdlike oerdriuwing wie, ûntstiene der ferskate koloanjes yn Tuneezje, Algerije, Marokko, Ibearje en yn mindere mjitte oan de toare kust fan Lybje. Hja waarden benammen stifte as hannelsposten by de Afrikaanske kust del dy't sa'n 30 oant 50 km faninoar ôf leine.
Doe't de Fenysjers úteinsetten mei it stiftsjen fan koloanjes oan de Afrikaanske kust, wiene der al Fenisyske koloanjes op Syprus, Kreta, Sisylje, Sardynje, Korsika, de Baleären en ek op it Jeropeeske fêstelân yn it hjoeddeistige Genua en Marseille. Yn de koloanjes op Sisylje en Kreta kaam it al rillegau ta strideraasjes mei de Griken dêre, en Fenisyske kontrôle oer Sisylje duorre dêrnei net lang mear. Letter kamen dy gebieten ûnder it bestjoer fan Kartago, dy't sels ek wer nije koloanjes stiftsje liet, benammen nei it neigean fan Tyrus en Sidon.
Wêrom't de Tyrenen it plak fan Kartago útsocht hiene, hiene se ferskate redens. It lei yn it midden oan de kust oan de Golf fan Tunis, dêr't it in goede tagong ta de Middellânske See hie en dêr't it yn de lijte fan de stoarmen lei. It lei ek tichteby de fitale Strjitte fan Sisylje dêr't in wichtige hannelsrûte fan it easten nei it westen trochhinne rûn. De stêd waard op in heuveleftich trijehoekich skiereilân boud, dêr't de Mar fan Tunis benefter leit, dy't foar in ryk ferskaat oan fisk en in feilige haven soarge. It skiereilân wie mei in smelle stripe lân ferbûn oan it fêstelân, dat in rûch gea hie dêrmei't de stêd maklik te ferdigenjen wie. In sitadel waard op de heuvel Byrsa boud, in lege heuvel mei útsjoch op de see.
Untjouwing ta hannelsmacht thumb|In mooglike rekonstruksje fan Punysk Kartago Yn tsjinstelling ta oare Fenisyske koloanjes, woeks Kartago grutter en flugger. Reden dêrfoar wie it geunstige klimaat en de strategyske lizzing. It gea om Kartago hinne wie gaadlik foar lânbou en der wiene in soad grûnstoffen, sa as mineralen oanwêzich. En om't it oan de wichtige hannelsrûte lei, waard it it wichtichste hannelsplak tusen Afrika en de rêst fan de antike wrâld. It foarseach oan in mearfâld fan lúkse en seldsume produkten, lykas terrakottabyldsjes en maskers, juwielen, bewurke ivoar, strúsfûgelaaien en in ferskaat oan iten en wyn. In iuw nei' it stifte waard hie Kartago al 30.000 ynwenners. Benammen nei de sânde iuw f.Kr., doe't de Fenisyske stêden yn it neigean rekken en ûnder Babyloanysk gesach kamen, naam Kartago de posysje fan syn memmestêd Tyrus oer.
Yn Kartago woeks sa stadichoan in eigen nasjonale identiteit. Alhoewol't de Kartagers de Fenisyske gewoanten en leauwe oanholden, ûntjoech der yn Kartago en oare westlike Fenisyske koloanjes in eigen Punyske kultuer, dêr't guon aspekten fan de lânseigen gewoanten en leauwen yn mingd waarden. Guon godlikheden waarden promininter yn it Kartaachsk panteon as yn dy fan Fenysje. Fan de fyfde iuw f.Kr. ôf earen de Kartagers Grykske goaden lykas Demeter. Kartago hold guon aspekten fan it Fenisyske leauwe, dy't bygelyks yn Tyrus al net mear dien waarden, sa as it berne-offer. Ek ûntstie it Punysk yn Kartago en de westlike Fenisyske koloanjes, dat as in dialekt fan it Fenisysk ta in eigen taal, troch lânseigen ynfloeden, ûntjoech, en it Punysk skrift in oanpaste foarm fan it Fenisysk alfabet waard.
Dy dingen droegen der oan by dat Kartago in selsstanige politike ienheid waard. Dat moat sa om 650 f.Kr. hinne bard wêze, doe't it mei syn eigen kolonisaasjes yn it westlik Middellânske Seegebiet úteinsette. Kartago hold nettsjinsteande dat in ferbûn mei Tyrus en syn Fenisyske thúslân. Der kamen noch hieltyd Tyreenske migranten nei de stêd, en Kartago stjoerde in jierliks tribút nei de timpel fan Melkart yn Tyrus.
Yn de sechde iuw f.Kr. rekke Tyrus fierder yn it neigean en erkende de hearskippy fan de Perzyske kening Kambyses II (hearske fan 530-522 f.Kr.) dat der ta late dat Fenysje yn it Perzyske Ryk opnommen waard. Kartago waard dêrnei de machtichste stêd yn it Middellânske Seegebiet.
It foarmjen en de skaaimerken fan it ryk thumb|It Punysk distrikt yn Kartago