De Jeraziatyske sliepmûzen (wittenskiplike namme: Leithiinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha) en de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae). Dizze ûnderfamylje omfettet 12 libbene soarten, ferdield oer 6 skaaien. Dêrûnder binne ek de beamslieper (Dryomys nitedula), de hazzemûs (Muscardinus avellanarius) en de ikelmûs (Eliomys quercinus), dat guon fan 'e bekendste sliepmûzesoarten binne, dy't yn grutte parten fan Jeropa foarkomme.

Klassifikaasje

ûnderfamylje Jeraziatyske sliepmûzen (Leithiinae) skaai Baleaarske sliepmûzen (Hypnomys) † Majorkareuzesliepmûs (Hypnomys morphaeus) † Minorkareuzesliepmûs (Hypnomys mahonensis) † skaai beamsliepers of bosksliepmûzen (Dryomys) Balûtsistanbeamslieper of Balûtsistanbosksliepmûs (Dryomys niethammeri) beamslieper of bosksliepmûs (Dryomys nitedula) wolhierrige beamslieper of wolhierrige bosksliepmûs (Dryomys laniger) skaai hazzemûzen (Muscardinus) hazzemûs (Muscardinus avellanarius) skaai ikelmûzen (Eliomys) Afro-Aziatyske woastynsliepmûs (Eliomys melanurus) Brylske sliepmûs (Eliomys briellensis) † ikelmûs (Eliomys quercinus) Magrebsliepmûs (Eliomys munbyanus) skaai mûssliepers (Myomimus) mûsslieper, ognevsliepmûs of Ognevs sliepmûs (Myomimus roachi) setzermûsslieper of Setzers mûsslieper (Myomimus setzeri) Transkaspyske sliepmûs (Myomimus personatus) skaai Sineeske sliepmûzen (Chaetocauda) Sineeske sliepmûs (Chaetocauda sichuanensis) skaai woastynsliepmûzen (Selevinia) Sintraalaziatyske woastynsliepmûs (Selevinia betpakdalaensis)

Kategory:Sliepmûs