thumb|left|200px|Bouwmeester op in promoasjefoto foar Morgen gaat het beter (1939)

Lily Geertruida Maria Henriette Bouwmeester (Amsterdam, 28 septimber 1901 - Sliedrecht, 12 july 1993) wie in Nederlânsk aktrise yn it teäter, yn de film en op toaniel.

Biografy Lily Bouwmeester waard berne yn Amsterdam as dochter fan fioelist Ludovicus Adolphus Bouwmeester en pianiste Julie Marie Arpeau. As bern toerde se mei har âlden troch Europa, wylst se har ek tariede om fioeliste te wurden. It wie te swier foar Bouwmeester, dat hja luts yn 1913 yn by har muoike, de aktrise Theo Mann-Bouwmeester. Se dreamde derfan om dûnseres te wurden, mar har muoike easke dat se aktrise wurde soe en stjoerde har nei ferskillende audysjes. Op har 14e jier debutearre se yn in teäterproduksje fan Herman Heijermans.

Yn 1916 sette Bouwmeester ek útein mei aktearjen yn stomme films. Se debutearre yn de film Majoor Frans (1916), mei Annie Bos yn de haadrol. Yn 1917 krige se in kontrakt by in prestizjeus teäter yn Amsterdam en trede op yn de Stadsschouwburg. Se waard priizge troch teäterkritisy en die mear aktearûnderfining op. Under it wurkjen oan in toanielstik yn 1920 trof se akteur Theo Frenkel jr. mei wa't hja yn 1921 troude. Se ferliet de Stadsschouwburg om tegearre mei har man eigen stikken te produsearjen. Se ferhuzen nei De Haach yn 1923 en treden op yn Rotterdam, dêr't se mear bekendheid krige.

Troch de jierren hinne ûntwikkele Bouwmeester har yn it teäter en besleat dat se it bêste ta har rjocht kaam yn komyske rollen. Sy en har man gongen útinoar yn 1933. Twa jier letter troude se mei Cor van der Lugt Melsert, mei wa't se nei Rotterdam ferhuze. Hy woe graach dat se húsfrou wurde soe. Bouwmeester, dy't in skoft pauze nedich hie fan it aktearjen, die wat har frege waard en ferliet it teäter. Se joech it aktearjen lykwols net op. Yn 1935, doe't de lûdsfilm krekt yn Nederlân yntrodusearre wie, die se audysje foar de haadrol yn The Cross-Patch (1935), mar krige dy net. Se waard lykwols opmurken troch regisseur Ludwig Berger, dy't har castte yn Pygmalion (1937). It soe har earste film sûnt 1921 wurde.

Pygmalion waakste út ta de meast suksesfolle Nederlânske foaroarlochske film. Se waard fuortendaliks in stjer en krige in fiifjierrich kontrakt oanbean by Paramount Pictures. Se wegere lykwols om't har man net mei har nei de Feriene Steaten reizgje woe. Yn stee dêrfan bleau se aktearjen yn de grutste filmproduksjes fan de jierren 1930. Har folgjende films waarden allegearre box office hits, mei mar ien útsûndering. Nettsjinsteande dat se hast 40 jier wie, spile se meastal tienerfamkes of jonge froulju. Yn 1940 kaam der ynienen in ein oan har karriêre doe't de Twadde Wrâldoarloch útbruts.

Yn de Twadde Wrâldoarloch naam Bouwmeester yn it geheim twa Joadske bern yn 'e hûs. Nei de befrijing yn 1945 krige se wer filmrollen oanbean, mar se sloech alle oanbiedingen ôf. Se besleat werom te gean nei it teäter en spile yn de ferneamde toanielproduksje fan Pygmalion. Se waard ek te binnen brocht omdat se de haadrol spile yn it toanielstik Het Hemelbed yn 1952. Yn 1969 hold se alhiel op mei aktearjen. Nei de dea fan har man yn 1990 ferhuze se nei Sliedrecht, dêr't se de rest fan har libben yn folsleine iensumens trochbrocht.

Se ferstoar yn 1993 yn de âldens fan 92 jier. Se waard kremearre yn De Haach.

Filmografy

|1916 |Majoor Frans |In jonge Francis

|rowspan=2|1917 |Het geheim van Delft |Lilly Vogel

|Ulbo Garvema |Anna as bern

|1918 |Pro domo |Harren dochter

|rowspan=2|1919 |De Duivel in Amsterdam |Sike suster fan Thérèse

|Het goudvischje |Greta har suster

|rowspan=2|1920 |Aan boord van de 'Sabina'

|Helleveeg |Louise

|1921 |Zaken Zijn Zaken (Sheer bluff) |Marion Deslisle |Nederlânsk-Ingelske film |- |1937 |Pygmalion |Elisa 'Liesje' Doeluttel

|rowspan=2|1938 |Forty Years |Annetje Maasdonk

|Vadertje Langbeen |Judy Aalders

|1939 |Morgen gaat het beter |Wilhelmina 'Willy' Verhulst

|1940 |Ergens in Nederland |Nellie van Loon

|1967 |Een stukje van jezelf (TV-film)

Keppelings om utens Onze Eliza Doolittle + Lilly Bouwmeester yn de IMDb

Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1993