De grûniikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Marmotini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae). Ta dizze tûke hearre û.m. de marmotten, de prêrjehûnen, de wangsekiikhoarntsjes (chipmunks) en de echte grûniikhoarntsjes. Yn totaal binne der 99 libbene soarten, ferdield oer 3 ûndertûken.
Grûniikhoarntsjes libje, sa't de namme al seit, op en/of ûnder de grûn, yn tsjinstelling ta de beamiikhoarntsjes, dy't it grutste part fan 'e tiid yn 'e beammen tahâlde. In oar ferskil tusken dy beide groepen is dat grûniikhoarntsjes oer it algemien sosjaler binne, en in protte soarten binne feitliks koloanjedieren, dy't maatskippijen mei yngewikkelde sosjale regels ûntjûn hawwe. It grutste grûniikhoarntsje (en trouwens it grutste fan alle iikhoarntsjes) is de Alpenmarmot (Marmota marmota), dy't 53-73 sm lang en 5-8 kg swier is.
Tûke-opbou
tûke grûniikhoarntsjes (Marmotini) incertae sedis (yndieling ûnwis) skaai Paleosciurus † skaai Sineeske rotsiikhoarntsjes (Sciurotamias): 2 soarten ûndertûke echte grûniikhoarntsjes (Spermophilina) skaai antilopegrûniikhoarntsjes (Ammospermophilus): 5 soarten boppeskaai echte grûniikhoarntsjes (Spermophilus) skaai dwerchgrûniikhoarntsjes (Xerospermophilus): 4 soarten skaai franklingrûniikhoarntsjes of Franklins grûniikhoarntsjes (Poliocitellus): 1 soarte skaai goudmantelgrûniikhoarntsjes (Callospermophilus): 3 soarten skaai grûniikhoarntsjes fan de Alde Wrâld of soesliks (Spermophilus): 14 soarten skaai langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus): 12 soarten skaai rotsiikhoarntsjes (Otospermophilus): 3 soarten skaai tropyske grûniikhoarntsjes (Notocitellus): 2 soarten skaai rjustreekte grûniikhoarntsjes (Ictidomys): 3 soarten skaai Spermophilinus † ûndertûke marmoteftigen (Marmotina) skaai Arctomyoides † skaai marmotten (Marmota): 19 soarten skaai Miospermophilus † skaai Paenemarmota † skaai Palaearctomys † skaai prêrjehûnen (Cynomys): 5 soarten skaai Protospermophilus † ûndertûke wangpûdiikhoarntsjes (Tamiina) skaai Nototamias † boppeskaai wangpûdiikhoarntsjes (Tamias) skaai Amerikaanske wangpûdiikhoarntsjes (Neotamias): 23 soarten skaai echte wangpûdiikhoarntsjes (Tamias): 1 soarte skaai Jeraziatyske wangpûdiikhoarntsjes (Eutamias): 1 soarte
Kategory:Iikhoarntsje