De echte grûniikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Spermophilina) foarmje in ûndertûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae) en de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini). Ta dizze taksonomyske groep hearre 49 soarten echte grûniikhoarntsjes, prêrjehûnen en antilopegrûniikhoarntsjes. Dizze ûndertûke moat net betize wurde mei it lyknammige skaai fan 'e echte grûniikhoarntsjes (Spermophilus), dat der diel fan útmakket.
Undertûke-opbou
ûndertûke echte grûniikhoarntsjes (Spermophilina) skaai antilopegrûniikhoarntsjes (Ammospermophilus): 5 soarten boppeskaai echte grûniikhoarntsjes (Spermophilus) skaai dwerchgrûniikhoarntsjes (Xerospermophilus): 4 soarten skaai franklingrûniikhoarntsjes of Franklins grûniikhoarntsjes (Poliocitellus): 1 soarte skaai goudmantelgrûniikhoarntsjes (Callospermophilus): 3 soarten skaai grûniikhoarntsjes fan de Alde Wrâld of soesliks (Spermophilus): 14 soarten skaai langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus): 12 soarten skaai rotsiikhoarntsjes (Otospermophilus): 3 soarten skaai tropyske grûniikhoarntsjes (Notocitellus): 2 soarten skaai prêrjehûnen (Cynomys): 5 soarten ûnderskaai echte prêrjehûnen (Cynomys) ûnderskaai ûnechte prêrjehûnen (Leucocrossuromys) skaai Spermophilinus †
Kategory:Iikhoarntsje