De echte grûniikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Spermophilus) foarmje in boppeskaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en de lyknammige ûndertûke fan 'e echte grûniikhoarntsjes (Spermophilina). Foarhinne waard dizze groep as ien skaai sjoen, mar by in reorganisaasje is er yn 2007 ûnderferdield yn in stikmannich selsstannige skaaien, wat de echte grûniikhoarntsjes sels in taksonomyske triem omheech treau, sadat it in boppeskaai waard. Ta dizze groep hearre 39 soarten grûniikhoarntsjes út Noard-Amearika en Jeraazje.
Soarten
boppeskaai echte grûniikhoarntsjes (Spermophilus) skaai dwerchgrûniikhoarntsjes (Xerospermophilus): 4 soarten skaai franklingrûniikhoarntsjes of Franklins grûniikhoarntsjes (Poliocitellus): 1 soarte skaai goudmantelgrûniikhoarntsjes (Callospermophilus): 3 soarten skaai grûniikhoarntsjes fan de Alde Wrâld of soesliks (Spermophilus): 14 soarten skaai langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus): 12 soarten skaai rotsiikhoarntsjes (Otospermophilus): 3 soarten skaai tropyske grûniikhoarntsjes (Notocitellus): 2 soarten
Kategory:Iikhoarntsje