Sierd Geertsma (Appelskea, 16 july, 1896 - Haulerwyk, 21 oktober 1985) wie in Nederlânsk keunstskilder, tekener en dichter.

Libben en wurk Geertsma waard yn Appelskea berne as soan fan de ferver Tjeerd Geertsma en Wietske de Vries. Hy krige syn oplieding oan de Akademy Minerva yn Grins; Arnold Willem Kort krige er dêr les fan. Hy wurke in skoft as reklameûntwerper. Geertsma ûnjoech him ta skilder fan it Fryske lânskip. Fral de kontreien op syn wenplak Appelskea hat er fêstlein yn skilderijen, houtfiken en etsen. As ûnderwerpen keas er foar figuren, boeren, lânskippen en stillibbens.RKD:Geertsma, Sierd Fierder makke er ûnder mear affysjes foar de hielûnthâldersbeweging.

Njonken skilder wie Geertsma ek dichter. Hy dichte yn it Frysk.

Wurk fan Geertsma sit yn de kolleksje fan it Frysk Museum yn Ljouwert. Museum It Bleekerhûs (de foargonger fan Museum Dr8888) krige in mânske kolleksje fan him.Ljouwerter Krant d.d. 16 maart 1984: Onbekend werk van Sierd Geertsma

By de tentoanstelling "Monet & Van Gogh van Friesland" yn it Museum Dr8888 yn 2012 wiene mear as 150 wurken fan Geertsma en syn kollega-skilder Ids Wiersma te sjen.Ljouwerter Krant d.d. 30 novimber 2012: Monet en Van Gogh van Friesland

Keppelings om utens Oer libben en wurk fan Sierd Geertsma Keunstwurken by Kolleksje Nederlân

Bibliografy Keuning, Mariet [et al.] In het spoor van Sierd Geertsma, Appelskea, 2007 Jekel, Petra [et al.] Attentie! advertentie: kunst in de reclame van Sierd Geertsma en tijdgenoten, Grins, 2003 Karstkarel, Peter [et al.] Sierd Geertsma (1896-1985) Drachten, 1999 Bonne, N. Sierd Geertsma en zijn werk, Drachten, 1983

Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk tekener Kategory:Frysk dichter Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne yn Appelskea Kategory:Persoan stoarn yn Haulerwyk Kategory:Persoan berne yn 1896 Kategory:Persoan stoarn yn 1985